Andries Noppert wer werom op goal tsjin Go Ahead Eagles nei ljiskoperaasje

Keeper Andries Noppert stiet snein sûnt in skoft wer yn it doel fan SC Hearrenfean. De keeper wie sûnt jannewaris blessearre oan 'e ljisk en it like der lang op dat hy dit seizoen net mear yn aksje komme soe.
Noppert is no wer fit en sil Hearrenfean ferdigenje yn de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Go Ahead Eagles, thús yn it Abe Lenstrastadion.
Trainer Kees van Wonderen oer wêrom Noppert snein wer op de goal stiet
Hy hat de ôfrûne wike de trainingen wer hielendal meidien, is folslein klachtefrij en fielt him goed fertelt trainer Kees van Wonderen. Dus fynt de trainer dat hy wer op de goal kin. "Ik denk dat dan ook het moment is om hem dat podium weer te geven."
Mous slút seizoen net ûnder de latte ôf
Der wie gjin twivel om him noch efkes mear rêst te jaan. Der hawwe wol petearen mei him west, mar Noppert woe sels hiel graach wer keepe.
Xavier Mous rekket dus yn syn lêste wedstriid by Hearrenfean syn plak ûnder de latte kwyt. Neffens Van Wonderen hat hy der hiel professjoneel op reagearre.