Noppert bliid dat er ûnder it mes mei: "Dit komme wy ek wol wer te boppe"

Andries Noppert, efkes net mei de keepersklean oan © Orange Pictures
In operaasje leit foar Andries Noppert yn it foarútsjoch. It wurdt dêrom dreech foar de keeper om syn ploech te helpen de play-offs feilich te stellen. Nettsjinsteande bliuwt de Jouster posityf. "Natuerlik is it in domper, mar ik haw wol mear hobbeltsjes hân, ek dizze komme wy wol wer te boppe."
"It giet nei omstannichheden goed", begjint Noppert. Hij hat krekt syn teamgenoaten winnen sjoen fan fc Volendam mar stie sels noch altyd net yn it fjild. Al in pear moannen hat er lest fan de ljisk, tongersdei kin er derfoar ûnder it mes.
Andries Noppert oer syn ljiskoperaasje
"Sawol oan de ûnderkant as oan de boppekant fan de ljisk haw ik lest, de ûnderkant giet hieltyd mei stappen better, dêrom kin ik wer gewoan meitraine. Mar it keepen is net allinnich ballen stopje, ek traapje en dêr hast de boppekant foar nedich."

Frustrearjend

Dat er der sa'n lange tiid útleit en de rest fan it seizoen ûnwis is, fynt er ferfelend, frustrearjend, "Mar je binne by ferskate spesjalisten yn it lân west en sy sizze eins allegear itselfde: Dit is oanhâldend, dizze blessuere stiet der om bekend dat it in soad tiid kostet."
Dyselfde spesjalisten wolle tsjinwurdich it leafst dat it lichem soks sels better makket, mar no't it sa lang oanhâldt, komt der dus no dochs in operaasje. "Ik bin bliid dat ik opereare wurde kin en dat ik aanst wer diel útmeitsje fan dizze groep", seit Noppert.
Mei dy ploech de play-offs besykje te heljen sit der sa as it no liket net yn. "Mar wûnderen kinne barre", siet er sels, dochs stiet syn blik ek alwer foarút. "Yn juny spilet Oranje wer, as ik myn best dwaan bliuw, dan bin ik dan wol wer beskikber."