Selsfersekere Noppert: "De moaie potsjes komme deroan"
Hearrenfeandoelman Andries Noppert fynt it in eare dat er wer opnommen is yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal. "Ik moat my op de training sjen litte, sa wurket dat."
Ek al hat Noppert syn fizier op dit stuit folslein op de play-offwedstriden tsjin FC Twente rjochte, dochs sitte de twa oankommende wedstriden fan Oranje yn de Nations League by him yn de efterholle.
De wedstriden tsjin Twente binne in moaie gelegenheid om bûnscoach Ronald Koeman sjen te litten dat de sterke yndruk dy't er makke op it WK gjin ynsidint wie.
Andries Noppert: "Ik moat my op de training sjen litte, sa wurket it"
Noppert spile it ôfrûne wykein tsjin Go Ahead Eagles pas syn earste wedstriid sûnt 22 jannewaris. De ynwenner fan Mearum yn Grinslân wie moannen oanien blessearre oan 'e ljisk. Dat wie de reden dat er yn earste ynstânsje troch bûnscoach Ronald Koeman bûten de foarseleksje hâlden waard.
"It hat te lang duorre"
Troch syn blessuere miste Noppert yn totaal santjin kompetysjewedstriden. "Ik haw it net byhâlden. Santjin? Poeh, dat binne der aardich wat. It hat te lang duorre, mar it is moai dat ik der tsjin Go Ahead wer by wie."
As de play-offwedstriden mei Hearrenfean derop sitte, moat Noppert him in dei letter melde yn Zeist. Want op woansdei 14 juny spilet it Nederlânsk alvetal yn de heale finale fan de Nations League tsjin Kroäsië. By winst spilet Oranje yn de finale tsjin de winner fan it duel tusken Spanje en Italië.
De play-offwedstriid sc Hearrenfean - FC Twente begjint hjoed om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer. De return is snein om 14.30 oere.
Dizze wike krige Noppert te hearren dat er definityf opnommen is yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal.
Noppert: "Ik haw der net in soad mei dwaande west, al spûket it fansels wol troch dyn holle. Ik haw tsjin Go Ahead sjen litten dat ik wer fit bin, mar ik tink dat se benammen foar my keazen hawwe op basis fan it WK en miskien ek wol de perioade dêrfoar. Mar ik tink dat ik op it WK in reedlike yndruk efterlitten haw."
Telefoantsje fan Koeman
Noppert: "Sneintejûn krige ik in telefoantsje fan de keeperstrainer fan Oranje (Patrick Lodewijks red.) en dy hat it my útlein. Se woenen der noch al eefkes in nachtsje oer sliepe. In dei letter haw ik mei de bûnscoach sprutsen."
"Dat duorre net sa lang. Hy is koart en dúdlik. Hy frege hoe't ik my fiel en hoe't ik út de wedstriid kaam bin. Ik haw sein dat ik fit wie en dat ik der sin oan haw."
Noppert: "Begryp my net ferkeard, ik fyn it super dat ik derby sit, mar ik wol ek spylje. Gjin idee oft ik earste, twadde of tredde doelman bin. Ik sil my sjen litte moatte op de training, sa wurket dat by Hearrenfean en ik gean derfan út dat it by Oranje ek sa wurket."
"Der komme in pear moaie potsjes oan, te begjinnen mei de wedstriden tsjin FC Twente", giet Noppert fierder. '" Dy binne no it allerbelangrykste. Wy witte dat sy in aardige ploech hawwe. Allinnich, as wy de wedstriid yngean mei it idee dat wy dochs net winne kinne, hoege wy him likegoed net te spyljen."