Keepersanalist Zeinstra: "Andries Noppert wedstriidbepalend op WK"

Andries Noppert © ANP
Keepersanalist Harm Zeinstra is ûnder de yndruk fan it optreden fan Andries Noppert foar it Nederlânsk alvetal yn de achtste finale fan it WK fuotbal tsjin de Feriene Steaten. "Hy hie de wedstriid ûnder kontrôle."
Noppert moast fuort fol oan de bak. De Amerikaanske topspiler Christian Pulisic kaam yn de twadde minút allinnich foar de keeper te stean. Mei de linkerfoet wist Noppert de ynset te kearen.
Elts flaterke kin no fataal wêze
Harm Zeinstra
"Dat wie in hiele wichtige rêding", seit Zeinstra, dy't yn it ferline sels keeper wie by ûnder mear SC Cambuur. "Dat wie echt wedstriidbepalend. Oars steane je fuort 1-0 efter tsjin in hiele drege tsjinstanner." Yn stee fan op efterstân stie it Nederlânsk alvetal by it skoft op in 2-0-foarsprong troch doelpunten fan Memphis Depay en Daley Blind.
Neffens Zeinstra hie Noppert de wedstriid hielendal yn de macht. "Ik bin der wol fan ûnder de yndruk hoe rêstich hy is. De spanning wurdt nammentlik allinnich mar grutter: elts flaterke kin no fataal wêze", dêrmei wiist hy op it feit dat de groepsfaze foarby is. Teams dy't no in wedstriid ferlieze, lizze út it toernoai.

Tsjindoelpunt "bizar"

In kertier foar de ein fan de wedstriid waard it dochs noch efkes spannend doe't Haji Wright der 2-1 fan makke. "It like dat se elkoar yn it paad rûnen, Noppert en Dumfries. Mar op in oar kamerabyld ôfgeande, stie hy der dochs te fier by wei om der noch by te kinnen."
Noppert is kânsleas by it doelpunt fan Amearika © ANP
Zeinstra fûn it lykwols gjin flater fan Noppert. "Syn posysje wie okee en hy draaide goed by." De keepersanalist fûn it foaral pech dat de bal deryn foel. Wright rekke de bal nammentlik mei syn 'standbeen'. Dêrtroch gie hy de loft yn en fleach hy sa mei in bôchje yn it doel. "Hoe't dy bal der sa yn gong, wie echt bizar."
In pear minuten letter wie Noppert skerp by in djiptebal op dyselde Wright. De doelman stoarme de goal út en wie op 'e tiid om de bal fuort te sjitten. "Dat wie in aksje mei lef en hy fierde it goed út. Fansels hie hy ek in bytsje gelok dat de bal doe net by in tsjinstanner kaam", sei Zeinstra.
Net lang dêrnei makke Denzel Dumfries de 3-1 en dêrmei wie de wedstriid wol beslikke.

'Noppert stabyl'

Zeinstra jout Noppert in 8,5 foar syn optreden tsjin de Feriene Steaten. Hiel goed dus, mar perfekt is it noch net. "Meifuotbaljend hie hy sa no en dan wol bettere passes jaan kind", fynt de âld-keeper. "It smiet net altyd balbesit op, mar fierder wie hy wer solide."
De wedstriid tsjin Amearika wie de fjirde wedstriid yn Oranje foar Noppert. Zeinstra fynt dat Noppert net oars keept sûnt syn debút foar it Nederlânsk alvetal, twa wiken lyn yn de earste pûlwedstriid tsjin Senegal. "Dat is posityf. Hy is noch hieltyd stabyl, 'in control' en hiel rêstich. Hy pakt noch hieltyd wichtige ballen."
Freed spilet Noppert mei it Nederlânsk alvetal yn de kwartfinale tsjin Argentinië. De wedstriid begjint om 20.00 oere.