"As der in gekke sjeik komt, giet Noppert miskien foar 10 miljoen fuort"

Andries Noppert en Arjen de Boer © Orange Pictures / Omrop Fryslân
Andries Noppert is troch bûnscoach Ronald Koeman oproppen foar it Nederlânsk alvetal. sc Hearrenfean wol syn kontrakt graach mei twa jier ferlingje, mar wol Noppert dat sels eins wol? Dit tinkt sportferslachjouwer Arjen de Boer.
Fuortendaalks nei it WK fan Katar, dêr't Noppert in basisplak hie, ynformearre Ajax nei Noppert. Der wie ek ynteresse fan twa bûtenlânske klups, mar echt konkreet waard it net. By algemien direkteur Ferry de Haan hawwe him op dit stuit gjin klups meld foar Andries Noppert.

Hoe grut is de kâns dat Noppert by Hearrenfean bliuwt?

"Dy is net sa grut, ik haw belle mei ferskate fuotbalmakelders en guon sizze dat it 100 persint wis is dat Noppert dizze simmer in transfer makket."

Wat kin Hearrenfean dwaan om Noppert langer te hâlden?

"Der leit al in sterk ferbettere kontrakt foar him klear, dat makket him yn ien klap ien fan de bêst betelle spilers fan Hearrenfean. It iennige dat noch mist, is in hantekening fan Noppert sels.
Noppert is fan grutte wearde foar sc Hearrenfean, hy is in geweldich úthingboerd, de publyksfavoryt. It is in jonge fan 'e klup, hy komt út de regio en praat de Fryske taal. En, net ûnbelangryk, hy is international."

Wêrom hat Noppert dat nije kontrakt noch net tekene?

"Begjin febrewaris spruts Noppert de yntinsje út dat hy langer by Hearrenfean bliuwe wol, mar yntusken is de situaasje feroare. Noppert hat fjouwer moannen blessearre west, mar no't er wer fit is, wurdt er fuort oproppen foar Oranje."
Wannear swaait Noppert Hearrenfean út, liket mear de fraach te wêzen © Orange Pictures
"Noppert is der sels ek wat ûndúdlik oer, hy seit: miskien komme wy derút, mar miskien ek wol net. Yntusken is hy ek fan management wiksele, hy sit no by Henk Timmer en Henk van Ginkel. Dy binne dochs wat grutter, hawwe in soad ynternasjonale kontakten, dat jout ek wol wat oan.
Ferjit net: Noppert is 29 jier en sit yn 'e klaaikeamer fan Oranje allinnich mar by fuotbalmiljonêrs dy't by grutte klups spylje. Noppert kin no in stap meitsje dy't him yn ien klap finansjeel ûnôfhinklik makket. Sjoch nei syn cv: dêr steane allinnich mar relatyf lytse klups op. Dit is it momint."

Hoefolle miljoenen kin Noppert sc Hearrenfean opsmite?

"Dat is altyd dreech te sizzen, minsken om de klup hinne sizze tusken de twa en de tsien miljoen euro."
Noppert soe goed by Feyenoord passe.
Sportferslachjouwer Arjen de Boer
"As Justin Bijlow in transfer makket, komt Feyenoord miskien wol foar Noppert, mar dy betelje net mear as fiif miljoen. Al tink ik wol dat hy dêr goed passe soe.
Mar ien fertelde my dat as in gekke sjeik fan in klup út Ingelân him graach hawwe wol, dan soe it samar ris yn 'e rjochting fan de tsien miljoen oprinne kinne."