Syryske flechtling Ali is frijwilliger yn Snits, mar hy wol mear

Ali (33) wennet no yn Snits, nei in lange tocht út Syrië wei © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
As flechtling kaam de 33-jierrige Ali yn Snits telâne. Hy hie in moai libben yn Syrië, dêr't er mei syn frou libbe. Hy wie boekhâlder en logistyk manager fan mar leafst tolve winkels.
Ali bedarre mear as oardel jier ferlyn yn it azc yn Snits. Sûnt trije moannen wennet er dêr tegearre my syn frou.
"Foardat myn frou hjir kaam, besocht ik safolle mooglik te dwaan te hawwen, sadat ik my earne oars op fokusje koe. Ik miste har sa bot", fertelt er. "Dêrneist wol ik de taal leare om in moaiere takomst te hawwen. Ik wol myn tiid net fergrieme troch neatdwaan op myn keamer."
Ali út Syrië hat grutte takomstdreamen
Op 29 maart koe Ali in #Meedoensertifikaat yn ûntfangst nimme. It betsjut foar him dat er frijwilligersbaantsjes oannimme kin. "Doe't ik it sertifikaat krige, wie ik hiel bliid", seit er.
"Ik set dingen oer foar de minsken hjir. Meastentiids doch ik dat fan it Arabysk nei it Ingelsk, mar somtiden doch ik dat ek fan it Arabysk nei it Nederlânsk. Ik wit al aardich wat wurden. Dêrneist wurkje ik yn de catering en bin ik tafersjochhâlder yn in boarterstún."
#Meedoen is in inisjatyf fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA), mei as doel statushâlders en azc-bewenners mear te belûken by de mienskip. De #Meedoenbalie helpt de bewenners mei it finen fan in wurkplak. Organisaasjes en bedriuwen biede de azc-bewenners frijwilligerswurk of betelle wurk oan.
It wurk helpt Ali om him te ûntwikkeljen en de taal better te begripen. "Troch te wurkjen by de boarterstún praat ik mei in hiel soad minsken. Dat is goed foar my. Sa kin ik ek de taal leare. Ik bin tige tankber foar de oare frijwilligers dy't my hjir holpen hawwe mei de taal. Dêr haw ik in soad oan hân."
Ali set kofje by de boarterstún © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
Neist dat er him ynset mei frijwilligerswurk wol er ek graach autoriden leare. "Ik bin begûn mei myn teory foar it rydbewiis", seit er yn it Nederlânsk. Hy giet wer fierder yn it Ingelsk: "Oare moanne haw ik it eksamen. Yn myn heitelân haw ik it riden al leard, mar hjir moat ik de regels yn de macht krije."
Ali praat yn it azc fan Snits mei in soad bewenners. Ien fan harren is Ahmed. Hy lit syn keamer sjen.
Sjoch hjir nei de keamer fan Ahmed
Ali wol hieltyd wer fernije. Neist de Nederlânske taal besiket er om noch mear te learen. "Alles wat ik lear, doch ik yn it Nederlânsk. En ik freegje minsken om ek dingen yn it Frysk tsjin my te sizzen."
"It is dreech om twa talen tagelyk te learen, mar ik fyn it Frysk in moaie taal om't de minsken hjir sa noflik binne. As ik wat yn it Frysk tsjin harren sis, sjoch ik oan harren gesichten dat se dat moai fine."

Grutte dreamen

"Ik mis it wurk dat ik eartiids die, mar ik hoopje dat wannear't ik de taal lear, ik soks wer oppakke kin", seit er. As logistyk manager wie Ali suksesfol yn syn lân. "Ik haw in soad winsken foar de takomst, mar it wichtichste is dat ik no feilich bin en yn frijheid libje kin. Ik haw grutte dreamen hjir mei myn frou. Sa wol ik wer in bedriuw opbouwe lykas ik dat earder ek hie."
Yn de takomst sil Ali ferhúzje. "As it kin, soe ik graach yn Snits bliuwe wolle. Mar ik stean ynskreaun om nei Zaanstad te ferhúzjen. We witte noch net wannear't ik dêrhinne sil. Op it stuit wurdt foar ús nei in hûs socht."