COA op syk nei mear opfanglokaasjes, mar azc yn Balk giet ticht: "Net út te lizzen"

By in lokaasje-ûndersyk nei de meast geskikte lokaasje foar in nij azc yn de gemeente De Fryske Marren moat Balk op foarhân útsletten wurde. Dat fine ferskate partijen yn de gemeenteried no't it COA frege hat om in lokaasje yn de gemeente foar in nij azc.
De kommende jierren komme der tûzenen asylsikers mear nei Nederlân as earder tocht. It COA is dan ek driuwend op syk nei nije opfanglokaasjes, en dat wylst de lokaasje yn Balk fan 1 oktober ôf tichtgiet. Guon ynwenners fine dat frjemd no't de gemeente De Fryske Marren op syk giet nei in nije lokaasje foar in azc.
Oare minsken op strjitte
"Wy fine it te gek foar wurden dat der in nije lokaasje socht wurdt, wylst der hjir al in prima lokaasje is." Balkster Wytze Bouma is dúdlik. Tegearre mei Fedde Bergsma, dy't yn Rûgehuzen wennet, wol hy it azc graach yn it doarp hâlde. "No wer in nije lokaasje sykje en dêr in soad jild mei weismite, fine wy net út te lizzen."
Moat it azc yn Balk, neffens ôfspraak, ticht of kin it iepen bliuwe?
"Der is neffens ús wis draachflak yn it doarp", leit Bouma út. "Minsken moasten yn it begjin wenne. Mar de eangst dy't der yn earste ynstânsje yn it doarp wie, is der hielendal net mear. Sjochst oare minsken op strjitte, mar dat is hielendal prima."
Fan 1 oktober ôf ticht
Fryslân hat trije tydlike opfanglokaasjes fan it COA en sân fêste lokaasjes, wêrûnder Balk. Twa jier lyn is ôfpraat dat it azc yn Balk fan 1 oktober dit jier ôf ticht moat. Dêrom hat de gemeente no it fersyk krigen fan it COA foar in nije lokaasje foar in azc.
Gie it kabinet earder noch út fan sa'n 50.000 flechtlingen yn 2023, it liket derop dat it der sa'n 15.000 oant 25.000 mear binne. Maksimaal soe it dit jier gean om 76.000 flechtlingen.
Ek de kommende jierren binne it mear as tocht. En dan binne flechtlingen út Oekraïne noch net iens meinaam yn de sifers.
"Mei dat fersyk is neat mis. Eltse gemeente heart syn ferantwurdlikheid te nimmen, dus dat it COA it freget, is prima", fertelt Geeske Holtrop-Hoekstra fan Kleurrijk Fryske Marren (KFM). "Mar Balk hat no sân jier in azc hân. Der is doetiids ôfpraat dat dy lokaasje fan 1 oktober fan dit jier ôf tichtgiet, en wy wolle dy belofte neikomme."

Wethâlder Chris van Hes sei ferline wike yn de gemeenteried dat de hjoeddeistige lokaasje, yn Balk, "technysk sjoen" in opsje is yn in lokaasje-ûndersyk nei in nije lokaasje yn de gemeente. Kleurrijk Fryske Marren is ien fan de partijen dy't deroer neitinkt in moasje yn te tsjinjen om Balk al yn it foar út te sluten yn de syktocht foar in nij azc.
"It is hiel dúdlik út te lizzen om werom te kommen op dy beslissing fan twa jier lyn", seit Fedde Bergsma fûl. "It is kapitaalferneatiging om it hjir út Balk wei te heljen, om earne oars wer draachflak te kreëarjen wylst it hjir yntegrearre yn it doarp is. Op basis fan aktuele saken kinst bêst útlizze wêrom't je weromkomme op sa'n ôfspraak."
Ofspraak is ôfspraak
"Alle respekt hoe't it yn Balk gien is, mar ôfspraak is ôfspraak", makket Holtrop-Hoekstra nochris dúdlik. "Dan wit elkenien hoe't it sit en kinst it sykgebiet ek lytser meitsje." Om't it giet om in gruttere opfanglokaasje - it COA wol in lokaasje foar sa'n 350 flechtlingen yn De Fryske Marren - soene der net in soad lokaasjes oerbliuwe.
Eins stean dan allinnich De Lemmer en De Jouwer noch op 'e list. "Dat kloppet wol", jout de fraksjefoarsitter fan KFM oan. "Dy moatte dan no harren ferantwurdlikheid nimme."
Yn de Earste Wrâldoarloch ha we hjir in groep Belgen opfongen. Nei de Twadde Wrâldoarloch ha we hjir Molukkers hân.
De gemeente Súdwest-Fryslân makke tongersdei bekend dat de tydlike needopfanglokaasje yn Heech, dêr't hûndert flechtlingen opfongen wurde, twa jier langer iepenbliuwt oant 1 maaie 2025. Guon Balksters fine it ûnsin om allegear nije ûndersiken en prosedures troch te rinnen as de hjoeddeistige lokaasje prima foldocht.
Gastfrijheid yn Gaasterlân
Foar Fedde Bergsma komt der noch in ekstra motivaasje by. "Wy hawwe hjir in tradysje heech te hâlden fan gastfrijheid. Yn de Earste Wrâldoarloch ha we hjir in groep Belgen opfongen", fertelt er. "Nei de Twadde Wrâldoarloch ha we hjir Molukkers hân. De earste moskee fan Nederlân stie hjir yn 'e bosk. Dat is ek allegear goed gien."

Bergsma ferwachtet dat it no ek wer goed komme sil. "Wannear't der problemen komme, losse we dat op. Mar de ôfrûne jierren hawwe der hielendal gjin problemen west en dy sille der ek net komme. Dêr bin ik fan oertsjûge."
Takom wike woansdei sil de gemeenteried gear oer it fersyk fan it COA foar in nije azc-lokaasje. Dan komt ek de fraach op tafel oft Balk wol of net meinaam wurdt yn de syktocht nei in geskikt plak.