De Fryske Marren hâldt azc Balk iepen: "No wêzentlik oare situaasje"

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat offisjeel grien ljocht jûn foar it twa jier langer iepenhâlden fan it azc yn Balk. It azc bliuwt yn tsjinst as asylsikerssintrum, ek al is it formeel in foarm fan needopfang.
It gemeentehûs fan De Fryske Marren op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It COA hat om ekstra opfangplakken frege, omdat der mear flechtlingen nei Nederlân komme en der net genôch plak is op dit stuit. It húsfestjen fan statushâlders is ek in probleem en dêrtroch nimme dy noch hieltyd in opfangplak yn beslach yn de azc's.
It azc yn Balk © Omrop Fryslân
Alle partijen fielden har ferantwurdlik. "Al hat der wol diskusje west yn ús fraksje", joech bygelyks FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda oan. "Oan de iene kant wolle jo eardere tasizzingen en besluten oerein hâlde en oan de oare kant is in betroubere oerheid ek foar humane help foar minsken dy't it nedich hawwe."
FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda en boargemaster Fred Veenstra
Earder stimde de gemeente tsjin it langer iepenhâlden, mar fanwegen de flechtlingekrisis hat it COA opnij in fersyk by de gemeente dellein.

"Wêzentlik oare situaasje"

"Wy hawwe no te krijen mei in wêzentlik oare situaasje as doe yn juny", sei Volbeda dêroer. "Dit betsjut dat wy fine dat wy mei rjocht it nije fersyk beoardielje kinne en moatte. Eins is de kar dúdlik. Wy jouwe lucht oan it COA en hâlde Balk noch twa jier iepen."

Boargemaster wiist wer op it Ryk

Boargemaster Fred Veenstra werhelle nochris it stânpunt dat hy fynt dat it Ryk yngripe moat, yn stee fan it oer te litten oan provinsjes en gemeenten.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren (argyffoto) © Omrop Fryslân
Yn Fryslân wurde foarearst 1.250 minsken opfongen. "Dat is yn ferliking mei oare dielen fan it lân al in soad. Om oare regio's en provinsjes op te roppen dit ek te dwaan, hawwe wy sein: wy tinke dat wy op dit momint al oan ús taks sitte. Dus oare regio's: doch ek wat", sei Veenstra.