De Fryske Marren tinkt nei oer nij azc, gemeenteried no oan set

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
De gemeente De Fryske Marren hat fan it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) de fraach krigen oft der mooglikheden binne foar in nije opfanglokaasje foar asylsikers yn de gemeente. It kolleezje sil dit no oan de gemeenteried foarlizze.
Neffens boargemaster Fred Veenstra hat it COA oanjûn dat se goede ûnderfiningen hawwe yn Balk, dêr't al langer asylsikers opfongen wurde. Dy lokaasje is yn oktober al twa jier langer iepen as oarspronklik de bedoeling wie.

"Noch gjin lokaasje op it each"

It liket dêrom foar de hân te lizzen om it azc dêr noch langer iepen te hâlden, mar neffens Veenstra is it sa fier noch lang net. "We wolle earst de prinsipiële diskusje mei de gemeenteried oan. Steane we iepen foar it fersyk fan it COA? Pas dan geane we dy syktocht yn. Wy hawwe noch gjin lokaasje op it each."
Dizze wike giet it fersyk nei de gemeenteried. Mids april falt dêr in beslút oer. "Mar foardat in lokaasjeûndersyk klear is, bist wer in oantal moannen fierder. Dit is net samar klear", seit Veenstra.
Want it komt krekt mei in geskikte lokaasje. "Der moat fansels in bepaald oantal ynwenners wêze foar sa'n azc en it leafste binne der foarsjennings yn de buert."
Wat gruttere plakken as De Jouwer, Balk of De Lemmer lykje dêrom de grutste kâns te meitsjen. Al wol Veenstra alle opsjes iepen hâlde. "Wy hawwe mear plakken mei foarsjennings: Sint Nyk, Aldehaske. Der binne echt wol plakken dêr't winkels, skoallen en oare foarsjenningen binne.