Nije opfanglokaasje asylsikers yn Harinxmaland, besteande azc Snits yn 2026 ticht
It besteande asylsikerssintrum yn Snits wurdt ein 2026 sletten, dêrnei sil in nije opfanglokaasje yn gebrûk naam wurde. Dat wurdt boud yn it plan Harinxmaland, oan de noardeastkant fan de stêd.
Op it stik grûn, tusken Skearnegoutum en Ysbrechtum, sille ek wenten boud wurde foar statushâlders. It giet om 50 wenten. Yn totaal moat dat romte biede oan 450 flechtlingen en statushâlders.
In regionale opfanglokaasje (rol) is in opfanglokaasje bedoeld foar statushâlders en asylsikers dy't kâns meitsje op in ferbliuwsfergunning. De rol is ferbûn oan meardere gemeenten yn de regio, sa leit it COA út op de eigen webside. Yn dy gemeenten krije de statushâlders úteinlik in wenning.
It is foar it earst dat der in regionale opfanglokaasje komt op in plak dêr't noch boud wurde moat. De opfang wurdt opset as in wenwyk. Mocht der letter gjin ferlet mear wêze fan opfang yn dizze wenten, dan binne de hûzen ek regulier bewenber.
De nij te bouwen opfang krijt sintrale foarsjenningen. Der komme gjin stekken om it terrein. De wenwyk dy't op it plak komt, moat in mingde wenwyk wurde. Hy is ek bedoeld foar starters en senioaren. Op 8 juny komt it foarstel yn de riedskommisje.