Trochgean mei gaswinning of net? 'Minder enerzjy brûke is bêste oplossing'

In boarplatfoarm by It Amelân © ANP
Oer ien ding wiene se it iens: wy moatte derfoar soargje dat wy minder ferlet ha fan enerzjy. "We libje no yn in enerzjyslurpjende wrâld, dêr moatte we wat oan dwaan" sei Betty de Boer, âld-Keamerlid foar de VVD.
De Boer gong yn diskusje mei Frank Petersen (Waadferiening) en Maarten Goudzwaard (Steatelid JA21) yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Dêryn gong it oer guon fan de grutte problemen fan hjoed-de-dei. Njonken de enerzjytransysje gie it bygelyks oer de 'eareskuldregeling' foar Grinslân en de opfang fan flechtlingen.
Frank Petersen, Betty de Boer en Maarten Goudzwaard © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Petersen is benaud foar nije gaswinningen ûnder de Waadsee. "Zeker als je al weet dat de Waddenzee overvraagd wordt door bestaande gaswinning, zoutwinning en andere dingen. Wij zijn niet tegen vooruitgang, integendeel, wij denken mee met TenneT en andere partijen."
In grut part fan de elektrisiteit dy't we yn Nederlân brûke, wurdt opwekt yn enerzjysintrales dy't op gas draaie. Neffens de Ryksoerheid waard de ôfrûne jierren sa'n 50 prosint fan de elektrisiteit opwekt mei gas. Minder stroom ferbrûke soarget dêrom ek foar minder ferlet fan gas.
Petersendoelt op de plannen foar de oanlis fan in wynpark op de Noardsee noardlik fan Skiermûntseach. De enerzjy dy't dêr wûn wurdt, moat op ien of oare wize nei it fêste lân transportearre wurde. Op dit stuit wurdt tocht oan in tunnel ûnder de Waadsee nei de Eemshaven.
It is neffens Petersen "van de gekke" dat der dan tagelyk tocht wurdt oan nije ierdgaswinning benoarden Skiermûntseach. "We hebben genoeg aan de bestaande gaswinning en we moeten niet nog eens nieuwe velden aan gaan boren."
De plannen foar gaswinning en in wynpark by Skiermûntseach © ONE-Dyas
Maarten Goudzwaard tinkt net dat de besteande projekten foar gaswinning genôch binne. Neffens him duorret it te lang foardat elkenien fan it gas ôf is. "Dus wy ha dy fjilden noch nedich. Ek it gas út de Noardsee en de Waadsee."
Hy makket him foaral soargen oer de betelberens fan de transysje. Boppedat kin ús elektrisiteitnet it op it stuit net oan. "De elektrisiteit dy't wy opwekke mei sinne- en wynenerzjy kinne wy hjir yn grutte parten fan Fryslân net iens mear kwyt."
Betty de Boer, Fries om utens en âld-Twadde Keamerlid foar de VVD, wie ek kritysk op de klimaatdoelen dy't minister Jetten fan 'e wike bekend makke. "Nederlân mei wat my oanbelanget bêst foaroprinne, mar it kostet in bak jild en wat is it effekt wrâldwiid? Allinnich as hiel Europa - en noch better: de hiele wrâld - meidocht, kin dit probleem oanpakt wurde."
Betty de Boer yn har tiid as Keamerlid © ANP
De trije foarumleden ferskilden fan miening oer de enerzjytransysje, mar wiene it der wol oer iens dat wy mei ús allen wol hiel ôfhinklik wurden binne fan enerzjy.
"Ik probeer zo vaak mogelijk de fiets te pakken en als iedereen dat zou doen, zou dat al heel veel schelen", hold Petersen de oare foarumleden en de harkers foar. "Bovendien is het heerlijk om in de natuur te zijn. Je ervaart dan echt hoe weinig we eigenlijk maar nodig hebben."