TenneT stekt 23 miljard euro yn oansluting wynparken

In al besteand wynpark op de Noardsee © ANP
Heechspanningsbehearder TenneT hat sa'n 23 miljard euro oan kontrakten ferjûn foar it oansluten fan wynparken op see op it stroomnet. Yn totaal wurde der alve 'converterstations' yn de Noardsee pleatst. Acht dêrfan binne bedoeld om wynstroom te ûntsluten foar it Nederlânske stroomnet.
De oare trije binne foar it Dútske stroomnet. TenneT hat ek in diel fan it Dútske net yn hannen. De stasjons hawwe elts in kapasiteit fan 2 gigawatt, dat is folle grutter as de hjoeddeiske omfoarmers.
Sy sette de troch wynmûnen opwekte stroom om yn in sterkere stroom dy't dêrnei oan lân brocht wurdt. Dêr wurdt it omset yn wikselstroom dat brûkt wurde kin op it heechspanningsnet.
Twa fan de acht wynparken dy't yn de Noardsee steane, lizze noardlik fan Skiermûntseach. It oansluten sil ûngefear duorje oant 2031.