Fryske Miljeufederaasje: 'Mear sinne- en wynenerzjy nedich om klimaatdoelen te heljen'

Wynmûnen © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It opwekken fan enerzjy op lân is hurd nedich. Dat seit de Fryske Miljeufederaasje. Dochs slagget it duorsum opwekken fan enerzjy net echt: klimaatdoelen wurde noch net helle en it draachflak foar bygelyks sinnefjilden liket ôf te nimmen.
De Miljeufederaasjes fine dat dat oars moat en ek oars kin. "De klimaatdoelen binne der om de opwaarming fan de ierde tsjin te gean, en dy oardel graad opwaarming foar te kommen", seit Suzanne Bekkema fan de Fryske Miljeufederaasje. "It liket der net echt op dat wy dat helje."
De federaasjes fine dat alle lokale enerzjyprojekten te'n goede komme moatte oan minsk, natuer en ekonomy, seit Bekkema. Wichtige opjeften binne neffens har de transysje fan fossyl nei miljeufreonlike brânstoffen en it ferbetterjen fan it bioferskaat.

Draachflak

De Miljeufederaasjes binne dêrom mei in foarstel fan fiif punten kaam dy't neffens harren nedich binne foar de realisaasje fan duorsume opwekken fan enerzjy. It giet dan om saken as draachflak, maatskiplik rendemint en in goede kontrôle fan de kwaliteit.
"Natuer, miljeu en minsk moatte fan it begjin ôf goed meinommen wurde, en dat bart no net", fynt Bekkema. "Ik tink dat dêr yn Fryslân noch hiel wat te winnen is."
Sinnepanielen op it dak © Omrop Fryslân
Sy begrypt de frustraasjes en wjerstân by minsken tsjin bygelyks fjilden fol sinnepanielen. "Ik tink dat dêr just in kâns leit." Neffens har moat de minsken better belutsen wurde by projekten en moat it dúdlik wurde wat oft sy dermei opsjitte.

Hoopfol

Oer it heljen fan de klimaatdoelen bliuwt Bekkema hoopfol. "Ik tink dat hieltyd mear minsken realisearje dat der wat oan de hân is en dat wy mei-inoar wat dwaan kinne."