Boer Miedema krijt earste CO2-kompensaasje fia Valuta voor Veen

Boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken hat de earste CO2-kompensaasje fan gemeente Hearrenfean krigen fia it projekt Valuta voor Veen. It projekt moat bydrage oan it doel fan de gemeente om yn 2050 enerzjyneutraal te wêzen.
Wethâlder Jaap van Veen en boer Sjoerd Miedema © Gemeente Hearrenfean
Yn de takomst moatte mear boeren lykas Miedema kompensearre wurde foar it wiet hâlden fan feangreiden, dy't oars ynklinke soene. As dat bart, komt dêrmei yn it fean opsleine koalstofdiokside (CO2) frij.
"Landbouw is een deel van het klimaatprobleem, maar heeft ook de sleutel van de oplossing", seit Miedema. "Ik zie het als een drietrapsraket: veenbehoud door vernatting is een eerste stap om de broeikasgassen terug te dringen. De volgende stap is koolstof vastleggen, tot slot komt koolstof opbouwen."

Utstjit ferleegje

Gemeente Hearrenfean hat it doel om yn 2050 enerzjyneutraal te wêzen. Mei it projekt Valuta voor Veen, wêrby't boeren beleanne wurde foar it heechhâlden fan it wetterpeil, hat de gemeente 62 ton CO2 kompensearre. Dat komt del op 11 persint fan it totale gasferbrûk fan de organisaasje.
Ik ben blij dat dit geld nu lokaal terechtkomt.
Wethâlder Jaap van Veen
Wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente oerlange tiisdeitemoarn in taart mei dêrop in CO2-sertifikaat oan Miedema. "Als gemeente compenseren we de CO2-uitstoot van ons energieverbruik. Ik ben blij dat dit geld nu lokaal terechtkomt", seit Van Veen.

Ferlerne ynkomsten fergoedzje

Hy sjocht it behâld fan feangreidegebieten as in wichtige útdaging. "In het veenweidegebied staan we voor een grote opgave om de bodemdaling en CO2-uitstoot terug te brengen."
It projekt fergoedet de ynkomsten dy't boeren misrinne troch stikken lân langer wiet te hâlden. "Door deel te nemen aan Valuta voor Veen ontstaat een nieuwe bron van inkomsten voor boeren in dit gebied. Daarmee zetten we de eerste stappen om het veenweideprogramma in praktijk te brengen."
Projektlieder Arnoud de Vries
Projektlieder Arnoud de Vries fan Valuta voor Veen is ek realistysk: "Een peilverhoging doet een boer niet zomaar. Je hebt minder grasopbrengst, door boeren te betalen voor de mindere opbrengst en een beetje meer kunnen wij het wel voor elkaar krijgen."

Takomst fan it projekt

"We zijn nu aan het kijken naar grote gebieden", seit De Vries. "Daar heb je te maken met meerdere grondeigenaren, dan wordt het wat complexer. Als je het waterpeil verhoogt in een gebied moet je daar afspraken met elkaar over maken."
It jild foar de boeren wurdt ophelle mei de ferkeap fan CO2-sertifikaten dy't bedriuwen en oerheden keapje kinne om harren eigen CO2-útstjit te kompensearjen. De fraach nei de sertifikaten is grut, seit De Vries: "Op dit moment hebben we meer vraag dan dat we aan kunnen."
De proef fan de Fryske Miljeufederaasje, provinsje Fryslân en in pear boere-organisaasjes wurdt dit jier útwreide. Op it stuit wurdt mei 35 bunder lân wurke. "Ik weet niet waar het eindigt, we zijn klein begonnen. De projecten waar we aan kunnen werken, liggen in de orde van grootte tussen de 1000 en 2000 hectare. En we kunnen denk ik nog een heel eind verder."