Omrop Fryslân

De Noardsee krijt in ferlern oesterrif werom, yn in wynpark by Skiermûntseach

It moat leafst acht fuotbalfjilden grut wurde: in oesterrif dat ferlern wie wurdt wer op 'e nij oanlein yn de Noardsee. De oestergrûn wurdt oanlein yn it wynpark Gemini, noardlik fan Skiermûntseach.
© De Rijke Noordzee
It is in inisjatyf fan De Rijke Noordzee (in projekt fan Stichting De Noordzee en Natuur & Milieu) en Gemini Windpark. It bedriuw efter it wynpark wol in bydrage leverje oan it bioferskaat yn de Noardsee. Der binne goed 1.500 oesters en 18 ton skulpen dellein oer fiif bunder. Takom simmer komme der noch 3.000 oesters, hûnderttûzenen lytse oesters en 48 ton skulpmateriaal by,

Wynpark geskikt

In wynpark liket in geskikte lokaasje om oesters werom te bringen, om't dêr net fiske wurdt en de boaiem net skansearre rekket. Ek is der genôch hurd materiaal dêr't oesters har oan hechtsje kinne. By Gemini lykje de weagen ek geunstich.
© De Rijke Noordzee
Troch de fiskerij, sykten en de feroarjende seeboaiem binne der yn de ôfrûne iuw in soad oesterriffen ferlern gien. Neffens De Rijke Noordzee is dat soarchlik. Want oesterbanken binne wichtiche ekosystemen ûnder wetter.

Ferdwûn oesterrif

It is foar de earste kear dat der in rif op dizze grutte skaal oanlein wurdt. Earder ûndersyk is dien by de westkust fan Nederlân, it is ek de earste kear yn de noardlike Noardsee. Yn it gebiet wie eartiids ek in oesterrif, sa is te sjen op in seekaart fan 1883.
© De Rijke Noordzee
De organisaasjes hâlde de oesters de kommende jierren yn de gaten om te sjen oft sy har fuortplantsje. De Rijke Noordzee hopet dat natuerûntwikkeling in fêst ûnderdiel wurdt by it oanlizzen fan wynparken.
Oan it projekt wurkje fierder ûndersyksburo Waterproof, Wageningen Marine Research, it NIOZ, Bureau Waardenburg, ûndersyksprogramma WINOR en skipfeartbedriuw Van Stee.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.