Gaswinning noardlik fan Skiermûntseach faai troch útspraak rjochter

De oanlis fan alles dat nedich is om boppe Skiermûntseach gas út de Noardsee te heljen, is stillein troch de rjochter yn Den Haag. It giet om in foarriedige útspraak neidat der beswier makke is troch in grut oantal Dútske partijen.
By dy partijen hearre ûnder oare it Waadeilân Borkum en de Deutsche Umwelthilfe. Ut Nederlân wei die de Coöperatie Mobilization for the Environment mei, oftewol MOB. Dy binne de lêste jierren benammen yn it nijs as it giet om stikstofsaken en dêr giet it hjir ek om.
It enerzjykonsern ONE-Dyas wol gas winne op de grins mei Dútslân. By de oanlis fan de ynstallaasjes en liedingen dêrfoar mei der net safolle stikstof frijkomme dat de dunen op Skiermûntseach dêr lêst fan krije. Oft dat ek it gefal is, hat ONE-Dyas net oantoand. Boppedat is it oan de minister fan Natuer en Stikstof om dêr in beslút oer te nimmen. En dat beslút is der net.
De gaswinning soe takom jier úteinsette. Yn Dútslân wurdt bliid reagearre op it beslút fan de rjochter.
Ik hoop natuurlijk dat van uitstel afstel gaat komen.
Ek boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is der hiel bot oer te sprekken. "Ik vind het heel goed nieuws dat de rechter gezegd heeft dat er voorlopig niet gestart mag worden met de aanleg van het platform omdat er nog procedures lopen. Ik hoop natuurlijk dat van uitstel afstel gaat komen. Want gemeente Schiermonnikoog is er helemaal niet blij mee."

Dêrby spylje der ek noch oare saken, lykas it mei it lân ferbinen fan wynmûneparken op de Noardsee. "Het moet allemaal en-en-en. Laten we nu eens echte keuzes maken voor de toekomst: niet meer boren naar gas. We hebben nu weer tijd om de discussie te voeren", seit Van Gent.