FryslânDOK 'Tusken goed en kwea': "We binne net in folk fan helden"

Gerard van der Veer by it monumint fan omkommen fersetsminsken yn it Fries Verzetsmuseum © Gerko Jonker
Krekt nei de befrijing hienen ynienen in hiele protte minsken yn it ferset sitten. En elk wist wa't fout west hie. Mar wat him werklik yn 'e oarloch ôfspile hie, wie net sa swart-wyt. De twadielige FryslânDOK-searje 'Tusken goed en kwea' siket nei de griistinten fan 'e oarloch.
FryslânDOK 'Tusken goed en kwea' (diel 1) (diel 2 wurdt nije wike útstjoerd)
Sneon 29 april NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.10 oere)
Snein 30 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele
Wêrom holpen 7.000 Friezen mei de ombou en de útwreiding fan it Ljouwerter fleanfjild mei, wat letter in soad alliearde piloaten it libben kostje soe? Hoe koe it dat de 225 bewenners fan it Joadske wurkkamp Ybenheer yn De Fochtel yn ien dei deportearre wurde koenen, sûnder dat de omwenners dêr ek mar wat tsjin dienen?
Dokumintêremakker Gerard van der Veer besiket in antwurd te finen op sokke fragen yn syn filmyske reis troch de Fryske oarlochsskiednis. Hy freget him ôf wat ús foarâlden dienen op dy mominten dat it derop oankaam. "Dienen se neat of keazen se posysje? Wannear bist in held of in kollaborateur?"
Gerk Koopmans (links) en Gerard van der Veer © Gerko Jonker
Hast elkenien besocht foaral op syn oerlibbingsynstinkt de ein fan de besetting te heljen. It wie sa't Gerk Koopmans, foarsitter fan de Stichting Friesland 1940-1945, it seit: "Verreweg het grootste deel van de Nederlandse bevolking probeerde zo goed en zo kwaad als het kon door de tijd te komen. Ze pasten zich aan. We zijn niet een volk van helden."
Gerard van der Veer mei histoarikus Alexander Tuinhout (links) op de fleanbasis © Gerko Jonker
Wie it wurkjen oan de útwreiding fan de Ljouwerter fleanbasis in foarm fan kollaboraasje freget Van der Veer him ôf.
"In het najaar van 1940 waren er zo'n 7.500 Friese arbeiders op het vliegveld bezig", fertelt histoarikus Alexander Tuinhout. Mei bussen waarden se rûnom fan hûs helle en wer thús brocht.
"Het werken op de vliegbasis werd enorm gestimuleerd vooral door de Friese gemeenten. Werkloze arbeiders waren duur, die moesten een uitkering krijgen en die betaalde de gemeente liever niet."
Der waard druk útoefene. "Feitelijk werkte men met de Duitsers samen, maar als je de andere feiten en omstandigheden meeweegt, dan is dat te begrijpen. Soms hadden mensen geen keuze. De Duitsers waren toen ook nog tamelijk vriendelijk."
Gerard van der Veer mei ûndersiker Halbe Hageman © Gerko Jonker
In oare fraach dy't Van der Veer dwaande hâldt, is hoe't it kin dat de Fryske Joadske mienskip deportearre wurde koe. "Hawwe ús foarâlders har yn sliep sûzje litten dy earste oarlochsjierren?"

Kaartsje keapje

It gie net fan de iene op de oare dei. It begûn earst mei it ynleverjen fan de radio en dêrnei folge de fyts. "En yn 1942 waarden de Joaden deportearre. Se moasten nei de Beurs ta, dêr't se teld waarden. Doe moasten se sels in treinkaartsje keapje foar de reis nei Westerbork", leit ûndersiker Halbe Hageman út.
Yn de trein © Fries Film & Audio Archief
Hiele groepen Joaden gienen sa fuort. "De Ljouwerters lieten it gebeure, se fûnen it wol freeslik. In protte Joaden dûkten net ûnder, benammen otterdokse Joaden dy't leauwe dat de Almachtige foar har soargje sil. Ek yn Poalen dêr't se fan wisten dat se dêr wurkje moasten."
Plysje en amtners spilen in grutte rol by de deportaasje fan de Joaden. "Se fierden út wat de Dútsers easken. As se wegeren dan wienen se har wurk kwyt."
Kamp Ybenheer © Fries Film & Audio Archief
Yn it noarden en easten fan Nederlân wienen op in stuit mear as 40 wurkkampen dêr't de Joadske mannen oant it wurk set waarden. Yn De Fochtel wie kamp Ybenheer, sa fier mooglik fan de bewenne wrâld ôf. "Sadat gewoane boargers net seagen wat him dêr ôfspile", seit Kees Timmerman dêroer.

Koffers lâns de dyk

Yn 1942 waarden yn ien nacht alle wurkkampen omsingele en leechhelle. "Minsken yn de buert hearden leven dat se oars net hearden. En de oare moarn seagen se koffers lâns de dyk lizzen en wienen de Joaden fuort."
Lieten omwenners dat samar gebeure, freget Van der Veer him ôf. "It is maklik om no in oardiel te jaan oer dy tiid", seit Timmerman.
"Doe wie it in kwestje fan oerlibjen. Guon joegen wolris wat help oan de Joaden, dat se in bôle ferkochten, wylst dat ferbean wie. Soks wie al in misdriuw. Der binne minsken oppakt op grûn fan it misdriuw 'begunstiging van Joden'."
Hinke Piersma (NIOD) © Gerko Jonker
Hinke Piersma docht by it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) yn Amsterdam ûndersyk nei it hanneljen fan plysjeminsken yn de oarloch.

Mear ferset

"Earder is de plysje as hiele organisaasje as fout fuortset. Se ha wol meiwurke mei de Dútsers, mar ast mear ynzoomst op de minsken yn dy organisaasje, dan is it ferhaal wol wat yngewikkelder. Der is folle mear oan ferset dien as bekend wie."
Yn plysje-auto's koenen bygelyks wapens foar it ferset ferfierd wurde, plysje wist faak as earste dat der razzia's kamen en koe warskôgje. "En se koenen de oare kant op sjen. Se koenen libbensrêdende dingen betsjutte. Wat yndividuele amtners op lokaal nivo besocht hawwe, dêr witte we eins net folle fan."
Piersma pleitet der dêrom ek foar om beskiedener te wêzen oer it feroardieljen fan in hiele beropsgroep.
Hinke Piersma oer de FryslânDOK