Holwert ûntfong hûnderten soldaten by mobilisaasje: in tiid fan ôfwachtsjen en flirten

Soldaten mei 'flirters' yn Holwert © Fotokolleksje Jan van der Velde
Yn de mobilisaasjetiid flak foar de Twadde Wrâldoarloch wiene yn Holwert hûnderten soldaten legere. Amateurhistoarikus en doarpsman Jan van der Velde socht út wat dat foar Holwert betsjutte. Us radioprogramma Buro de Vries gie mei Van der Velde troch it doarp.
Op 28 augustus 1939 wurdt yn Nederlân de mobilisaasje ôfkundige. In dei letter krije alle (âld-)militêren de oprop om har te melden en sa'n 280.000 mannen jouwe dêr dan ek gehoar oan.
In wike letter komme yn earste ynstânsje 140 militêren nei Holwert, 80 foar de loftdoelartillery en 60 fan de sjeny. Sels prins Bernhard komt in pear moanne letter nei it doarp oan de Waadsee om de troepen te ynspektearjen.
Jan van der Velde © Omrop Fryslân, René Koster
Heal april gean de militêren trouwens alwer fuort út it doarp. De oarlochsdriging is dan bot tanaam en de ferwachting is dat mannen en materieel better ynset wurde kinne yn Rotterdam en Soesterberg.
Yn Holwert krigen de soldaten ûnderdak yn it dan krekt nije tehûs foar âlden fan dagen, yn in barak op it skoalplein en yn it gymnastyklokaal fan de legere skoalle. Harren taak wie benammen om de kust en it loftrom by Holwert te beweitsjen.
By it treinstasjon en by pleatsen oan de Elba, De Mieden en de Zeedijk kamen sykljochten en saneamde 'luistertoestellen', dêr't it doel om op te sjitten mei fêstlein wurde koe.
Jan van der Velde wiist nei de tsjerketoer dy't op in hier nei net rekke is © Omrop Fryslân, René Koster
Yn ien fan de optekene ferhalen komt nei foaren dat mei ljochtgranaten op 'bûtenlânske' fleantugen sketten waard. Om't de ynstallaasje net goed opsteld stie, giene de earste projektilen roerlings by de tsjerketoer del. Fierder wie dy tiid foar de mannen net echt spektakulêr, mar benammen in tiid fan ôfwachtsjen.

Flirte

Fansels spilen ek de hormoanen wolris op en wie der geregeld sprake fan kontakten tusken militêren en froulju út it doarp. Yn de tsjerkeried warskôge de dûmny dêrfoar.
Famkeskategisanten koene har mar better net ynlitte mei de detasjearre soldaten. Hy neamde froulju dy't dat wol diene 'flirters' of noch sterker 'afgelikte boterhammen'. Dat soks net perfoarst sa hoegde te wêzen, die wol bliken út de houliken dy't ûntstien binne.
Jan van der Velde nimt ús mei nei de mobilisaasjetiid yn Holwert
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Oer de mobilisaasjetiid yn Holwert (1939-1940) publisearre Jan van der Velde in wiidweidich artikel yn De Sneuper, it offisjele orgaan fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland.