"Wat willen ze toch?", frege widdo De Vries har foar de deportaasje ôf
Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje De Vries fan Rommelhaven 26b
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan Elize en Izaäk de Vries fan de Rommelhaven.
Elize Odewald en Jacob de Vries trouwe yn 1895 yn Slochteren. Sy komt fan Schildwolde, Jacob fan Harns. It pear krijt trije bern, fan wa't Izaäk de âldste is.
Jacob wurket as keapman, mar ferstjert al yn 1930. Syn widdo bliuwt en set mei har soan Izaäk in winkel op yn wurkljusklean, oan de Rommelhaven yn Harns.
It is de helte fan in dûbeld hûs, mei in grutte etalaazje. Neist de hannel yn de winkel stapt Izaäk ek wol op de fyts om by boeren en fiskers boesgroentsjes en learzen te ferkeapjen.
Op sabbat (sneon) wurdt der net hannele. Klanten binne wolkom om guod út de winkel te heljen, mar it ôfrekkenjen moat letter. "Onthoud je dag", jout Izaäk de klanten dêrom altyd mei. Oftingje is net tastien: "Alleen vaste prijzen" stiet op in boerd yn de saak.
Fia in gong is de winkel ferbûn mei in wenkeamer efter de winkel. Widdo De Vries leit dêr faak, want sy hat in soad lêst fan de rêch. Sy stiet bekend as in freonlike frou, dy't eins noait oer har ferstoarne man praat.
Ferbod nei ferbod
Yn 'e hûs wurket in tsjinstfaam, oant dat yn de oarloch net mear mei. Widdo De Vries praat wolris oer de ferbodden dêr't sy as Joadske frou fan te lijen hat. "Wat willen ze toch met ons?", seit sy. "Wat zijn de Duitsers toch van plan?"
Soan Izaäk de Vries wurdt op 12 novimber 1942 ôffierd nei Westerbork. In pear moannen letter reizget er nei Auschwitz, dêr't er fuortendaalks nei binnenkomst fermoarde wurdt. Foar widdo De Vries folgje deportaasje en ferstjerren yn maart 1943 yn Sobibor.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.