Omrop Fryslân

Befrijing Fryslân betocht mei nij oarlochsmonumint op Ljouwerter Grinzerplein

It nije oarlochsmonumint dat de route fan de Canadian Dragoons nei it sintrum fan Ljouwert mankearret
© Omrop Fryslân
Op sneon 15 april 1945 rieden de earste Kanadeeske militêren as befrijers Ljouwert yn, oer de Grinzerstrjitwei. It gie om Royal Canadian Dragoons. Sy moasten it paad frij en feilich meitsje foar de alliearre troepen.
Se diene dat yn Fryslân yn gearwurking mei it Fryske ferset. De befrijding fan Fryslân en Ljouwert makke op de Kanadezen safolle yndruk dat 15 april foar harren noch hieltyd 'Leeuwarden Day' is en se stjoere dan ek graach fertsjintwurdigers nei Nederlân om de reis fan doe wer nei te meitsjen.

Tinkstiennen

"It is in wichtige dei om de offers dy't dyjingen dy't foar ús fochten makke hawwe te betinken", seit generaal Dean Milner fan de Royal Canadian Dragoons. De ôfrûne jierren is de lange reis dy't de Dragoons makken fan Sisilië nei Nederlân markearre mei tinkstiennen en mei ferhalen dy't online werom te finen binne.
"Wy hawwe in pear geweldige feteranen fan yn de '90, mar der libje net folle mear dy't it sels meimakke hawwe. Wy binne der dêrom ek mei dwaande om de skiednis troch te jaan oan nije generaasjes."
Nij oarlochsmonumint op Ljouwerter Grinzerplein as ûnderdiel fan Canadian trail
Op it Grinzerplein yn Ljouwert, flak njonken de Grinzerstrjitwei, waard sneon in nij oarlochsmonumint ûntbleate as ûnderdiel fan de Canadian trail. It monumint waard by dy gelegenheid fuortendaliks adoptearre troch basisskoalle De Aventurijn, dy't dêr flakby leit."

Canadian Trail

It is hjoed 78 jier lyn dat de earste Kanadeeske militêren Ljouwert binnenrieden. Dat wurdt sjoen as it begjin fan de befrijing fan Fryslân fan de Dútske besetter. Om by dit momint stil te stean is der in nij oarlochsmonumint pleatst.
In byld fan is ûnderdiel fan de Canadian Trail: de route dy't de Royal Canadian Dragoons ôflein ha troch Europa en dy't ek Ljouwert befrijd hawwe. Twa learlingen fan De Aventurijn droegen in gedicht foar dat se spesjaal foar dy gelegenheid skreaun hiene, yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk.

Stil yn de klasse

Harren optreden waard troch de Kanadeeske gasten bot op priis steld. "It is geweldich om te sjen dat jonge bern hjir sa by belutsen binne", sei in tefreden generaal Milner. Neffens skoalmaster Rik Sijtsma dogge syn learlingen graach mei.
"It is altyd stil yn de klasse, as it oer de oarloch giet. Sy fine it ynteressant en ûnthâlde faak ek hiel goed wat der ferteld wurdt." De skoalle hoechde dan ek net lang te tinken doe't de mooglikheid him foar die om it monumint te adoptearjen.
De Kanadezen waarden earder op dei offisjeel ûntfongen op it Ljouwerter stedhûs troch loko-boargemaster Nathalie Kramers en deputearre Avine Fokkens. By de plaquette fan de Royal Canadian Dragoons yn de muorre fan it stedhûs waarden krânsen lein foar oarlochsslachtoffers, wêrnei't se mei militêre foertugen fierder reizgen.
Adam en Benjamin deklamearren in gedicht oer de befrijding

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.