Joadske gemeente fiert 75-jierrich bestean Israel mei it skinken fan beammen

Givat Hamoreh yn Israel © www.jnf.nl
Israel bestiet dit jier 75 jier. En dat wol de Joadske gemeente yn Ljouwert fiere troch 546 beammen te plantsjen yn it 'Leeuwarden Park' yn it noarden fan Israel.
It oantal fan 546 is mei sin keazen, út earbetoan, respekt en oantinken oan de 546 út Ljouwert fuortfierde Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. "Dêrmei is it hert út Ljouwert weiskuord", seit Arjen Lont. Hy is honorêr konsul fan Israel yn de noardlike provinsjes. Alle nammen stean fermeld op it nammemonumint yn de Fryske haadstêd.
Yn 1986 hat de Joadske gemeente yn Ljouwert 3.000 alris beammen plante yn it Leeuwarden Park, dat in ûnderdiel is fan it Givat Hamoreh-bosk, noardeastlik fan de Jizreel fallei.
Lont hopet it oantal fan 546 foar de betinking op 3 maaie helle te hawwen. "En we hoopje fansels dat de gemeente Ljouwert en de provinsje ek in flink tal beammen adoptearje sille."
Belangstellenden kinne foar 18 euro in beam bestelle op de webside fan it Joods Nationaal Fonds (JNF).