Omrop Fryslân

544 nammen op trije glêzen pylders: Ljouwert hat in Holocaust-monumint

Njonken de Joadske skoalle yn Ljouwert is tongersdei in nammemonumint ûntbleate, foar alle 544 Joadske ynwenners fan de stêd dy't slachtoffer wurden binne fan de Holocaust.
544 nammen op trije glêzen pylders
Yn 1940 telde de Joadske gemeente yn Ljouwert noch hast 700 leden. Fan har bleaune net folle oer. De nammen steane op trije pylders fan glês.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It monumint is ûntbleate troch de 94-jierrige Benno Troostwijk. Ek de nammen fan syn heit Cosman en sus Hendrina Julia steane op de pylders. Sy binne yn novimber 1942 fergast yn Auschwitz. Troostwijk hat in soad slachtoffers noch persoanlik kend.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Oerrabyn Binjomin Jacobs warskôge mei in taspraak foar it antysemitisme fan hjoed-de-dei. Ek sei er it wichtich te finen dat der op de Ljouwerter skoallen omtinken is foar de oarlochstiid. Learlingen fan it Ljouwerter kristlik gymnasium Beyers Naudé liezen ferhalen foar fan famyljes yn de oarlochstiid.

Lang om let

Boargemaster Sybrand Buma fûn it moai dat it monumint der 'eindelijk' is. "Dit is wat er kan gebeuren als mensen worden buitengesloten. Vrijheid is groot goed", sa sei hy.
It inisjatyf komt by Jorrit Volkers (fan Bevrijdingsfestival Fryslân) en sjoernalist Auke Zeldenrust (fan teäterfoarstelling De Joodse Bruiloft) wei.
In reportaazje fan Larissa Lokenberg fan LEO Middelsé

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.