Nij park yn Drachten iepene om Fryske befrijing te betinken: "De kers op de taart"
It is freed 78 jier lyn dat Drachten befrijd waard fan de besetter. Om dy befrijing te betinken, is in spesjaal 'Vrijheidspark' iepene.
Se binne noch lyts, de 90 beammen dy't plante binne as oantinken oan de knokploegen fan Smellingerlân. Dy ploegen wienen tegearre mei de Kanadeeske Royal Dragoons fan grut belang by de befrijing fan Drachten. De beammen foarmje oer in oantal jier in lyts bosk.
"Als eerbetoon aan alle mensen die bij hebben gedragen aan de bevrijding van Fryslân", seit boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân, "Maar het staat er ook voor de nieuwe generatie. Als je hierdoorheen loopt, kan je het op je in laten werken."
Gatso Lamsma iepene syn oarlochstentoanstelling yn Museum Dr8888
Dat neitinken oer oarloch en frede is neffens Rijpstra tsjintwurdich wer ekstra wichtich: "De oorlog komt dichtbij, kijk maar naar Oekraïne. Ik hoop dat mensen erover nadenken hoe ze ervoor kunnen zorgen dat het niet gebeurt. En hoe ze bij kunnen dragen aan de samenleving."
Royal Dragoons
In hjoeddeiske delegaasje feteranen fan de Kanadeeske Royal Dragoons is ek oanwêzich by alle aktiviteiten. De lêste Dragoon dy't de befrijing meimakke en noch libbet, is net mear yn steat om hjir te kommen. Dochs fynt de groep it wichtich om yn Drachten te wêzen. Sa wurde de ynspanningen fan eartiids nea ferjitten.
De Dragoons krije in earetocht troch Drachten hinne. Ferskate âlde jeeps út dy tiid binne restaurearre en ride de âlde befrijingsrûte. Fan it museum Dr8888 ôf, midden troch it sintrum hinne, nei it nije Vrijheidspark oan de ein fan de wyk Vrijburgh.
Help troch jongerein
It park is ta stân kaam troch Smelne's Erfskip, holpen troch ferskate jongeren: "Daar zijn we door geroerd", seit Rijpstra, "De basisschool De Bolder uit de wijk heeft geholpen met het plaatsen van de bomen. Studenten van het oude ROC Friese Poort, nu Firda, hebben de panelen geplaatst. Daarop staat informatie over wat er hier tijdens de oorlog is gebeurd."
Yn it foar is in tentoanstelling iepene fan Gatso Lamsma, mei oarlochsguod. Hy hat him bot ynset foar it park en hat foar al syn ynset foar de mienskip ek in lintsje krigen. Dat de Royal Dragoons dêrby binne, fynt Lamsma hiel spesjaal:
"Dat is echt 'de kers op de taart'. It wie al geweldich, unyk wat wy dogge. Dan dogge se dy muoite, wylst se moarn ek al nei Ljouwert moatte. Hoe krije je it foar elkoar? It moast allegear sa wêze, tink ik."
Op sneon 22 april organisearret it feteranekomitee Drachten op 'e nij in feteranedei yn de Lawei yn Drachten. Mear ynformaasje is hjir te finen.