Vrijheidspark yn Drachten krijt stapke foar stapke foarm

Vrijheidspark yn Drachten © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It saneamde Vrijheidspark yn Drachten krijt stadichoan foarm. De inisjatyfnimmers hoopje dat de iepening op 14 april 2023, twa jier nei't it park eins iepene wurde moast, plakhawwe kin.
It terrein fan it park, sa'n ien hektare grut, leit der op dit stuit noch wat suterich by. De grûn yn de wyk Vrijburgh kin net folle wetter ha en dêrom stean der hjir en dêr noch plassen wetter. In stik of sân manlju mei in oranje heske oan binne dwaande mei it plantsjen fan ûngefear njoggentich kersebeammen.

Njoggentich kersebeammen

It park moat in oantinken wurde oan de Twadde Wrâldoarloch fertelt Piet Modderman. Hy is bestjoerslid by de kultuerhistoaryske stichting Smelne's Erfskip, dy't mei de gemeente Smellingerlân it inisjatyf foar it park naam. Hoewol't der noch net folle fan te sjen is, jout Modderman in rûnlieding wylst hy fertelt wat der al is en wat der noch komme moat.
Ynformaasjepaniel oer de skiednis yn Vrijheidspark © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Benammen de symbolyk yn it park is fassinearjend. "De njoggentich beamkes dy't hjoed (tongersdei, red.) plante wurde stean symboal foar de knokploech fan Smellingerlân", leit Modderman út. "Dat wiene ûngefear njoggentich manlju en froulju. En de krún fan de beammen stiet foar de minsken dêr't se ûnderdûkt sieten. Dy biede harren beskerming."

'Fan it tsjuster nei it ljocht'

Der rint in paad tusken de beammen troch. By dat paad del komme ynformaasjepanielen fan rustfrij stiel. Oan it begjin fan it park stiet in paniel dat gean moat oer 1939, efkes fierderop stiet 1940 en sa fierder. It paad is net rjocht mar rint wat yn in bocht. "Dat is om't je dan yn it begjin tusken de beammen it ein net sjogge. Pas letter, by it ynformaasjeboerd oer 1944, is der ljocht oan de ein fan de tunnel om it sa te sizzen", fertelt de inisjatyfnimmer.
Pingo yn it Vrijheidspark © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Oan de ein fan it paad komme minsken út by in pingo, dêr't ek in keunstwurk te sjen is. Dêr gjin beammen mear, mar ljocht. It is de bedoeling dat hjir op 14 april ferskate blommen yn fleurige kleuren yn bloei stean. "14 april is in wichtige datum", seit Modderman. "Dat is de dei fan de befrijing fan Smellingerlân troch de Kanadezen. Dêrom is dat de dei fan de offisjele iepening."