Fries yn Oekraïne Jorrit Schreuder werom nei plattelân: "Troch raketoanfallen yn ús wyk"

© Jorrit Schreuder
Fries om utens yn Kiev Jorrit Schreuder is mei syn húshâlding de stêd útflechten. Hy wennet dêr no by syn skoanmem. Dat komt om't it yn de haadstêd, ûnder oare troch oanfallen mei raketten, te ûnrêstich is.

Schreuder en syn famylje sitte al in pear moanne op it plattelân fan Oekraïne. De oarloch giet noch altyd troch en de Schreuders twivelje oft se wol of net werom moatte nei harren eigen hûs yn Kiev.
Fries yn Kiev Jorrit Schreuder hat syn wenhûs ferlitten
"Doe't we de lêste kear kontakt hân hiene, giene we efkes werom nei hûs. Doe't we der krekt wer wei wiene kamen der wer raketoanfallen, ek yn ús wyk. It is dus mar goed dat we wer nei it plattelân gien binne", seit Schreuder oer de lestige situaasje.

Fragen oer oarloch

Mar de bern misse harren freontsjes en freondintsjes en wolle hiel graach wer nei skoalle. "We sitte in bytsje op de wip", leit Schreuder út. Punt is dat der net folle te sizzen falt oer hoe't de oarloch him ûntwikkelet. Der komt net folle ynformaasje fan de Oekraynske regearing en se ha ek gjin idee wêr de Russen noch mei komme. Der is in soarte fan radiostilte. Dat soarget foar de twivel.
© Jorrit Schreuder
Der hat wol behoarlike stress yn de famylje west. In broer fan Jorrit's frou moast kard wurde foar it leger. De man is boppe de 50, hat diabetes en in ôfwiking oan syn eagen. Dochs woene se him net ôfkarre.

Ferlet fan soldaten

Schreuder hat doe mei de broer nei in sikehûs 200 kilometer fierderop west. Dy karden him wol ôf. "De man kin neat betsjutte yn it leger. It joech stress yn de famylje. Dan komt it hiel tichtby."
It jout oan dat der yn it leger fan Oekraine bot ferlet is fan soldaten, sjocht ek Schreuder. De ferhâlding is sân op tsien, it Russyske leger is folle grutter as dat fan Oekraïne."
© Jorrit Schreuder
De maitiid tsjinnet 'm ek yn Oekraine foarsichtich oan. Heal maart foel der noch in pak snie, mar no binne de famyljes op it plattelân drok mei it klearmeitsjen fan it lân foar it siedzjen en plantsjen fan ferskate grienten. Fan biten oant mais en ierappels moatte aanst de grûn yn om de folgjende winter wer genôch foarried te hawwen.

'Skoanmem wol nije pykjes'

No is elkenien dwaande it lân leech te meitsjen. It mais wurdt snien, de grûn wurdt skoffele. Dat giet op âlderwetske wize. Mei de hân en âlde trekkers.
Foar Jorrit Schreuder is der, as hy net werom nei hûs giet, noch genôch wurk te dwaan, fertelt er. Want njonken it lân binne der ek noch de hinnen. "Skoanmem wol nije pykjes hawwe, dêr sit ek wol wat wurk oan", fertelt er laitsjend.