Omrop Fryslân

Jorrit Schreuder op Ynternasjonale Frouljusdei: "Froulju binne tige wichtich yn Oekraïne"

© Jorrit Schreuder
It wie woansdei Ynternasjonale Frouljusdei. Yn Oekraïne foar in soad minsken in echte feestdei. De frou wurdt op dy dei eare yn it lân. Sels, of miskien wol krekt yn dizze tiden fan oarloch. Dat fertelt Jorrit Schreuder fanút Kyiv.
Der binne yn Kyiv in soad blommestâltsjes te sjen woansdei, op de ynternasjonale frouljusdei. De memmen, susters, dochters en freondinnen en oareheltes krije in bosk blommen. It is in lange tradysje yn it lân. It giet dan benammen om de frou te earjen en minder om de rjochten fan de frou. Foar guon is it sels in frije feestdei.
No is it oarloch. Mar ek no, of miskien wol krekt no hâlde de Oekraïners de tradysje yn eare. It is drok by de stâlen. Sels soldaten yn unifoarm komme om blommen te keapjen.
Jorrit Schreuder fertelt dat froulju tige wichtich binne yn Oekraine
De rol fan de frou yn de oarloch, seit Schreuder, is tige grut. "Se bakke broadsjes, stypje de mannen oan it front oan alle kanten. Se hawwe bot te lijen fan de oarloch. In soad froulju binne no yn it bûtenlân. Mar se wolle allegear weromkomme."
Sa seagen de krystdagen der yn 2021 út yn Kiev
© Jorrit Schreuder
It libben yn Oekraine is hiel ferskillend. Sa gean dochs noch aardich wat minsken der út en troch op út. Wylst oan it front in soad slachtoffers falle en hurd fochten wurdt, ride yn it westlik lizzende Lviv toeristetreintsjes, is muzyk op it plein en kinne je gewoan nei it museum.
De famylje Schreuder wie de ôfrûne wike ek yn Lviv om efkes wat ferdiverdaasje te hawwen. "It is dêr rêstich en it is in prachtige stêd."
Fan de oarloch is der net safolle te fernimmen. "It is wol raar, en doe't we der wiene fertelde in frou dat we lâns in hotel rûnen dêr't op dat stuit Zelensky en ek Wopke Hoekstra wiene. It binne aparte wrâlden."

Efkes werom yn Kyiv

Schreuder is mei syn húshâlding no efkes werom yn Kyiv. Ek dêr is it rêstich, mar se geane dochs wer nei it plattelân. Dat fielt better. It is rêstiger dêr.
Hoe lang oft se dêr bliuwe wit Schreuder noch net. Dat hinget foar in grut part ôf fan hoe't de oarloch fierder ferrint. "Ik ha de stille hoop dat it yn de simmer foarby is. Dat Ruslân ynstoart. De gewoane Russen binne goed, mar it rezjym dat der sit moat fuort. Pas dan is der in kâns dat it better wurdt."
Jorrit Schreuder fan Beetstersweach hat ús it ôfrûne healjier om 'e wike op 'e hichte hâlden fan syn libben yn Oekraine. Mei syn Oekraynske frou en twa dochters wennet er yn Kyiv. Op dit stuit binne se yn in lyts doarpke op it plattelân.
Ek de kommende tiid hâlde we kontakt mei Jorrit Schreuder, al sil dat wat minder frekwint wêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.