Fryske keunstners en frijwilligers meitsje flaggen foar Oekraïne

Pieteke de Boer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Fryske keunstners en frijwilligers wurkje mei oan in flagge-aksje foar Oekraïne. Der binne mear as hûndert flachjes makke dy't yn it lân yn oarloch ophinge wurde.
"It binne der wol hiel wat," seit Pieteke de Boer wylst sy in steapel mei flaggen op de grûn fan de biblioteek yn Wommels delleit. Alle flaggen wurde njonken elkoar lein yn in slinger, dy't sa'n tsien meter lang wurdt.
De flaggen bestean út allegear kleuren en ôfbyldingen. Frijwilligers koene de ôfrûne wiken delkomme yn ferskate biblioteken om in flachje op te meitsjen. Yn de biblioteek lizze tydskriften klear en minsken mochten dêr plaatsjes útknippe en op in papieren flachje plakke.

Daliks yn Kyiv

"It binne yn totaal mear as hûndert flaggen, mar dy lizze hjir net oeral." De Boer hâldt efkes op mei praten en rint nei in tafel oan de oare kant fan de biblioteek. Dêr lizze noch mear flaggen. De Boer siket alle flaggen fan de ferskate biblioteken by elkoar. Under oare biblioteken út Wommels, Balk, Boalsert en Warkum dogge mei oan it projekt.
De flaggen komme allegear yn april of maaie yn Kyiv te hingjen. "Ik sit by de keunstgroep Collage Collective en wy woene graach de minsken yn Oekraïne opfleurje. Doe tocht ik dat it aardich wie om oare minsken derby te belûken en ha wy de biblioteken ynskeakele. Ik hearde fan de meiwurkers dat der in soad animo wie en dat der gauris minsken binne rinne om in flachje te meitsjen."

Goed gefoel

De Boer leit de lêste flaggen op de steapel dy't mei sille nei Oekraïne. Sy is bliid mei it resultaat fan it projekt. "Je binne sa machteleas yn in oarloch en je wolle wat foar oaren dwaan. It is lyts wat wy hjir dogge, mar sa dogge je dochs wat. Dat jout ús in goed gefoel en ik hoopje dat de Oekraïners dat ek krije."