Omrop Fryslân

Wolf ferantwurdlik foar 64 deade skiep yn Fryslân yn jannewaris

Deade skiep yn Boyl
© Roelof Groen
Der binne yn jannewaris 64 skiep deabiten yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan BIJ12, de organisaasje dy't wolvesaken ôfhannelet foar de provinsjes. Fierder kaam troch DNA-ûndersyk fêst te stean dat yn de earste dagen fan febrewaris nochris 7 skiep en in ko troch in wolf om it libben kaam binne.
Op 29 jannewaris foelen de measte slachtoffers. By Appelskea oerlibben 28 skiep in wolve-oanfal net. Ek kaam fêst te stean dat de wolf ferantwurdlik wie foar it deameitsjen fan 16 skiep by Boyl. De eigener fan de bisten hie de skiep doe demonstratyf foar syn hiem dellein.
Alle meldingen fan mooglike wolve-oanfallen wienen yn jannewaris en begjin febrewaris ek echt it wurk fan in wolf. Earder sieten der ek wolris oanfallen fan hûnen en sels in goudjakhals tusken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.