Wolf bliuwt foarearst bûten skot, minister feroaret belied net

Minister Van der Wal fan Natuer feroaret foarearst neat oan it belied oer de wolf. Dat skriuwt se yn reaksje op in brief fan de provinsjes Fryslân, Drinte en Oerisel.
Dêryn freegje de provinsjes de minister om it belied te feroarjen, sadat der mear mooglikheden komme om de wolf fuort te hâlden út gebieten dêr't er in soad skea oanrjochtet ûnder it fee.
De minister seit dat se de noed oer de wolf begrypt. Mar se wol earst mei allerhanne partijen prate oer de wolf, sadat dy partijen mear begryp foar elkoars stânpunt krije. Dêr is ek de provinsje Fryslân by, seit deputearre Fokkinga.
Boppedat wachtet de minister op advys fan de Raad voor Dieraangelegenheden. Foar dy tiid feroaret der neat oan de oanpak fan de wolf, seit Van der Wal.

De minister hat al kontakt opnaam mei Dútslân. Dat fyn ik in stap foarút.
Deputearre Klaas Fokkinga is teloarsteld dat der neat feroaret, mar it wie wol te ferwachtsjen It positive is dat de minister wurkje wol oan in ynternasjonaal beliedsplan oer de wolf, en dan net foar alle lannen apart, mar foar hiel West-Europa. Fokkinga: "Se hat al kontakt opnaam mei Dútslân. Dat fyn ik in stap foarút."
Needsaak
Fokkinga hat de yndruk dat de minister de urginsje fan de oanpak fan de wolf by guon minsken wol begrypt. Se hat ek op besite west, benammen yn Drinte dêr't de wolf mear skea feroarsaket as yn Fryslân.
"Kwartsje is wol fallen"
De minister hat mei de minsken praat. Se skriuwt dat se de soargen dielt en har bewust is fan de eangst dy't libbet by bistehâlders en boargers oer de oanwêzichheid fan de wolf, seit Fokkinga. "Ik tink wol dat it kwartsje fallen is, mar it hat in soad tiid nedich, tink ik."
Subsydzje foar wolvestekken
Yn de tuskentiid kin de provinsje net mear dwaan as subsydzje beskikber stelle foar beskermingsmaatregels lykas stekken. Dêr is oant no ta noch net folle gebrûk fan makke, mar dat komt ek om't it in protte wurk is de stekken te ûnderhâlden, neffens Fokkinga.
En boppedat, stekken binne net yn alle situaasjes effektyf. Fokkinga: "Mar it is op dit stuit it iennige dat we dwaan kinne. We meie de wolf net ferjeie."