Boer út Boyl wegeret skieppekadavers fuort te heljen oant de provinsje komt

De rige deade skiep © Roelof Groen
Skieppehâlder Roelof Groen fan Boyl wegeret de deade skiep út de berm wei te heljen, dy't er dêr moandei dellei as protest tsjin de wolf. Hanthavening joech him dêr wol opdracht ta.
Groen hat de skiep demonstratyf foar syn hiem dellein, njonken de Boschoordweg. De skieppehâlder tinkt dat dit it wurk fan in wolf is. It wie boppedat al de fjirde kear dat skiep fan him deabiten binne.
In hanthavener fan gemeente Weststellingwerf hat opdroegen om de de kadavers fuort te heljen, mar dat wol Groen net. De skieppehâlder ferklearret dat hy se net fuorthelje wol oant dat in fertsjintwurdiger fan de provinsje sels poalshichte nimmen komt.
Mocht de skiep wol fuort moatte, dan is Groen fan doel in foto fan de rige deade skiep op in grut spandoek ôfdrukke te litten en yn de greide del te setten.