Akteurs fan musical De Tocht dogge 'reedrydeksamen'

Reedride foar De Tocht © Omrop Fryslân
Der leit in grutte útdaging foar akteurs fan musical de Tocht: stevich en fertroud op it iis stean én tagelyk sjonge en aktearje. Se hawwe de lêste moannen hurd oan it trainen west op is iis foar de musical oer de Alvestêdetocht: dizze wike binne de einmjittings.
De akteurs komme út alle hoeken fan it lân wei: fan Brabân oant Fryslân en op ferskate iisbanen yn Nederlân hawwe se wykliks reedrydlessen folge, fersoarge troch de Sven Kramer Academy. Dizze wike wurdt besjoen wat al dizze lessen opsmiten hawwe.
Akteurs oefenje foar De Tocht
Haadrolspylster Nandi van Beurden fûn har einmjitting spannend en konfrontearjend. "Zodra het woord meting valt, dan word ik bloedzenuwachtig, want dan moet ik presteren van mezelf."
Ek al hat se noch net offisjeel de útslach, se fynt dat der noch wol wat wurk te fersetten is. "Het gaat nu vooral om vertrouwen. De coach kan wel zeggen:, je kunt in die bocht echt wel doorstappen, maar ik denk dan: 'nee!'"
Haadrolspylster Nandi van Beurden fynt it noch wol spannend © Omrop Fryslân
It winterseizoen is no foarby en in soad iishallen geane ticht. Der binne in pear plakken yn Nederlân dêr't simmeriis is en hjir kinne de akteurs eventueel ekstra lessen folgje. Mar der kin ek traind wurde troch te skeelerjen of yn de sportskoalle.
Fryske akteur Thijs Meester koe yn it foar hielendal net reedride, mar hjir is yntusken feroaring yn kommen. "Ik bin grutsk op wat ik it ôfrûne healjier berikt haw, ik stean fol fertrouwen op it iis." Ek hy fynt dat hy him noch fierder ûntwikkelje moat. Sa wol hy poatsje-oer ûnder de knibbel krije en wol hy dat syn redens net mear skrasse op it iis.
De Fryske akteur Thijs Meester © Omrop Fryslân
De akteurs sille yn july foar it earst repetearje op de iisflier yn it teäter, dat op it stuit yn Ljouwert spesjaal foar De Tocht boud wurdt.