Musical De Tocht siket 500 figuranten dy't reedride kinne

Sênebyld út de musical © De Tocht
Teäterspektakel De Tocht is op syk nei 500 figuranten. Der is ien betingst, kandidaten moatte wol in bytsje reedride kinne.
De organisaasje is op syk nei manlju en froulju fan 18 jier of âlder mei ferskate achtergrûnen. Foar eltse foarstelling binne sa'n 30 figuranten nedich. Der wurde der folle mear socht, om't de figuranten inoar sa ôfwikselje kinne.
It ferhaal fan De Tocht giet oer fiif freonen út Fryslân dy't elkoar troch de jierren hinne út it each ferlern binne. Se hawwe ea ôfpraat dat as der in Alvestêdetocht komt, se dy dan mei syn allen ride sille. En dan komt einlik de tocht en treffe se elkoar wer. De musical wurdt spile yn in spesjaal boud teäter.
It is de bedoeling dat it stik sân kear de wike spile wurdt en der komt in iisflier yn as ûnderdiel fan it poadium.
Minsken dy't graach meidwaan wolle, kinne har opjaan foar in spesjale audysje. Dêrby moatte kandidaten tritich minuten lang reedride ûnder begelieding fan in reedrydtrainer.
De Tocht giet op 1 oktober 2023 yn premjêre. Opjaan foar de audysjes kin op de webside fan de organisaasje.