Musical De Tocht presintearret earste haadrolspilers, en no gau Frysk leare

Haadrolspilers De Tocht © Lucas Kemper
De musical De Tocht hat de nammen fan de earste haadrolspilers bekend makke. It stik giet oer de Alvestêdetocht. Wolter Weulink en Nandi van Beurden - grutte nammen yn de Nederlânske musicalwrâld - spylje ûnder oare haadrollen yn De Tocht. Ek de Fries Thijs Meester docht mei.
De Tocht presintearret haadrolspilers
Nei in oantal hobbels, lykas in feroaring fan lokaasje en in jier útstel, komt alles stadichoan op streek. Op it stuit wurdt oan de râne fan Ljouwert in spesjaal teäter boud, mei in 360 graden iisflier fan 2.000 kante meter. Yntusken wurdt der hurd wurke oan de foarstelling, dy't giet oer fiif jeugdfreonen dy't as bern ôfprate om letter de Alvestêdetocht te riden.

Nandi van Beurden

Wolter Weulink en Nandi van Beurden spylje twa fan dy freonen. Van Beurden is bekend fan 'The Sound of Music' en 'Dagboek van een Herdershond'. "Ik hoop dat we dat gevoel van saamhorigheid en kamaraadschap kunnen overbrengen op het publiek."
Wol moat se it reedriden én de Fryske taal noch goed yn de macht krije.

Wolter Weulink

Foar Wolter Weulink is it reedriden krekt ien fan de redenen dat hy sa bliid is mei syn rol. "Ik vind schaatsen gewoon heel leuk, en zingen en spelen." Weulink is bekend fan ûnder oare 'Dolfje Weerwolfje', 'Het Verzet Kraakt' en fan '14', it teaterspektakel oer Johan Cruijff. "Ik kom uit Deventer. Daar hadden we een schaatsbaan waar we vaak waren. Mijn vader heeft me het goed geleerd."
Yn jannewaris sil Weulink as tarieding de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee ride.

Thijs Meester

Thijs Meester spilet de rol fan Jelmer dy't as Alvestêdetocht-feteraan noch ien kear de tocht ride wol. Meester is bekend fan ûnder oaren it Omrop Fryslân-berneprogramma 'Kening Hert en Harry Hazze' en fan ferskate tëaterfoarstellings. Hy hat ek in kear de Gouden Gurbe wûn. Meester krige de rol net samar, want hy koe net reedride. "Ik sakke doe wol wat troch it iis. Der waard sein: dat wurdt neat." Mar hy hat wol audysje dien en se wiene sa ûnder de yndruk dat er de rol dochs krigen hat. Meester is no wol hiel drok mei reedrydlessen.
De Tocht giet takom jier oktober yn premjêre.