Alvestêdemusical De Tocht: lanlike alluere mei romte foar Frysk, ek yn taal

De musical De Tocht oer de Alvestêdetocht hat lanlike alluere, mar der is seker ek romte foar in Fryske ynbring. Ien fan de haadrolspilers is Frysk, der binne Fryske lietteksten en de regisseur lit 'Hollanners' gjin Frysk prate. Syn doel is dat it foar elkenien noflik te folgjen is.
De musical moat yn oktober yn premjêre gean. It stik wurdt opfierd yn in nije grutte hal op bedriuweterrein De Zwette yn Ljouwert. Friso Bouw bout de hal op it eigen terrein. It boubedriuw wol de hal sels wer brûke nei de musical.
Yn de hal leit echt iis en de tribunes stean midden op it iis, sadat de taskôgers de tocht meimeitsje as sieten se der middenyn.
De omstannichheden binne totaal ferskillend fan de musicals dy't Eddy Habbema oant no ta regissearre hat. "Hier bevind je je midden op het ijs. Je ondergaat de tocht. Het behouden van de intimiteit bij zo'n grote productie is mijn grootste uitdaging."
Hoe Frysk is musical De Tocht?
Akteurs
Earder waard al bekend dat Nandi van Beurden, Wolter Weulink en Thijs Meester de haadrollen spylje. Fan harren is Meester de iennige Fries. By dy trije binne no fjouwer nije nammen kaam. Theo Martijn Wever, Jolijn Henneman, Boy Ooteman en Maike Boerdam spylje ek in haadrol yn de musical, sa waard moandei bekend makke op presintaasje fan de folsleine cast.
De musical telt ek noch in tweintichtal byrolspilers. Hilbert Dijkstra, bekend fan syn wurk by Tryater is ien fan harren. De jonge Fryske Ilja de Boer sjocht De Tocht as in springplanke nei sukses yn de musicalwrâld. Se is krekt klear mei de musicalakademy yn Amsterdam. Ilja is gek op reedriden en tocht 'hjir moat ik by wêze' doe't se de oprop seach. Yn har byrol stiet de hiele tiid op it iis, ûnder oare by in koek-en-zopie-tintsje.
Fryske taal en muzyk
De Fryske taal spilet in grutte rol yn de dialogen fan de musical. Dêrfoar wurdt safolle mooglik foar Frysk keazen dat foar net-Frysktaligen maklik te folgjen is. Bonne Stienstra is oanlutsen foar de Fryske dialogen.
Balâns
Regisseur Eddy Habbema lit Nederlânsktaligen gjin Frysk prate yn de musical. De Fryske teksten wurde folslein foar rekken naam troch Friezen. Habbema: "Je moet het zo doceren dat het fijn is voor de Friezen, want het hoort bij het verhaal. Maar het moet ook fijn zijn voor de anderen om het te kunnen volgen, Dat is een balans die gevonden moet worden."
Eddy Habbema
Muzyk spilet fansels in grutte rol yn musicals. Sytse Broersma fan De Kast fersoarget de muzyk en de Fryske lietteksten. Hy skreau it liet 'Sjoch mei' dat op de presintaasje songen waard troch twa fan de haadrolspilers. Thijs Meester die dat yn it Frysk en Maike Boerdam yn it Nederlânsk.

De Tocht giet yn oktober yn premjêre en wurdt yn alle gefallen dit jier spile. It stribjen is troch te gean oant en mei mids 2024, as der oant dy tiid genôch kaarten ferkocht wurde. De musical wurdt allinnich opfierd yn de winterperioade.