Musical De Tocht hat grutte ambysjes mei lanlike alluere

Sênebyld fan De Tocht © De Tocht
Musical De Tocht krijt hieltyd konkretere kontoeren. De hiele cast wurdt moandei presintearre en de bou fan it teäter by de Zwette yn Ljouwert is oan de gong. Wat kinne we ferwachtsje?
Al in oantal jierren is men dwaande om dit prestizjeuze projekt fan de grûn te krijen. It is in inisjatyf fan Ljouwerter ûndernimmer Foppe van der Veen en Madelène Beuzekom. Beuzekom reizge as artyst jierren de wrâld oer mei Holiday on Ice en kaam doe op it idee om in foarstelling oer de Alvestêdetocht te meitsjen op iis.
Nei in oantal tsjinslaggen komt de finish no dochs echt yn sicht: yn oktober dit jier moat de musical yn premjêre gean.
Haadrolspilers Thijs Meester, Nandi van Beurden en Wolter Weulink fan De Tocht © Lucas Kemper
Wat is de Tocht?
It moat in musical wurde mei lanlike alluere. De rezjy is yn hannen fan Eddy Habbema dy't in soad grutte Nederlânske musicals regisearre lykas 'Ja zuster, nee zuster', 'Sonneveld' en 'Titanic'.
It ferhaal fan De Tocht giet oer fiif freonen út Fryslân dy't elkoar troch de jierren hinne út it each ferlern binne. Se hawwe ea ôfpraat dat as der in Alvestêdetocht komt, se dy dan mei syn allen ride sille. En dan komt einlik de tocht en treffe se elkoar wer. De musical wurdt spile yn in spesjaal boud teäter.
Wêrom moat der in spesjaal teäter boud wurde?
It is de bedoeling dat it stik sân kear de wike spile wurdt en der komt in iisflier yn as ûnderdiel fan it poadium. Dat kin net yn in besteand teäter. Earst soe it teäter boud wurde op it âlde terrein fan slachterij Brada yn Ljouwert, mar de grûn wie fersmoarge.
Dizze tsjinslach soarge derfoar dat de premjêre fan De Tocht in jier opskood is nei oktober 2023. Earder wie de premjêre ek al in jier útsteld troch corona.
Winners Alvestêdetocht 1956 © De Tocht
Wêr komt it teäter no?
It teäter komt no op it terrein fan boubedriuw Friso op yndustryterrein De Zwette yn Ljouwert. Friso soe it teäter al bouwe en docht dat no op syn eigen terrein. As de musical net mear spile wurdt, dan sil it boubedriuw it gebou brûke as nije bedriuwshal.
Friso wie al fan doel om út te wreidzjen en hat dit no nei foaren helle. De organisaasje fan De Tocht hiert dan it teäter en soarget sels foar de ynrjochting, sa as de iisflier en it poadium.
Hoefolle minsken moat de musical lûke?
De organisaasje hat hjir ûndersyk nei dien en hjirút kaam nei foaren dat it mooglik is om hast in heal miljoen besikers nei de musical te krijen. It is fansels gjin garânsje, it kin alle kanten op gean. Soldaat fan Oranje hat yn 12 jier tiid 3,5 miljoen besikers lutsen en dat hie gjinien foarsein. Oan de oare kant kin it ek ôffalle.
Op dit stuit binne 25.000 kaarten ferkocht foar de earste twa moanne. Neffens de organisaasje komme de kaartkeapers út it hiele lân wei en sels út België.
Per foarstelling is plak foar 1.460 minsken. De Tocht wurdt yn elts gefal dit jier spile en it stribjen is oant en mei medio 2024, as der oant dy tiid genôch kaarten ferkocht wurde.
Nije lokaasje teäter foar De Tocht © De Tocht
Hoefolle kostet it?
De ynvestearring yn it foar is sa'n acht miljoen euro dat foar it grutste part betelle wurdt troch ynvestearders. Dat is bedoeld foar it dekôr en it meitsjen fan de musical. Sa wurdt in rûne iisflier fan 2.500 kante meter makke mei in tribune yn 'e midden en wurde mei spesjale effekten waarferskynsels neimakke.
Earder waarden al de trije earste haadrolspilers presintearre: Nandi van Beurden, Wolter Weulink en Thijs Meester. No moandei wurdt it plaatsje kompleet makke.