Oare lokaasje foar nij te bouwen teäter musical De Tocht

Nije lokaasje teäter foar De Tocht © De Tocht
It nij te bouwen teäter foar musical De Tocht komt op in nije lokaasje yn Ljouwert: oan de Zwette op it terrein fan boubedriuw Friso. Foar de musical oer de Alvestêdetocht soe in teäter boud wurde op it terrein fan slachterij Brada, mar dat is no fan de baan.
De grûn fan slachterij Brada wie fersmoarge en de ûntwikkeling kaam doe stil te lizzen. De premjêre waard sels in jier útsteld nei oktober 2023. No is der in nij plak fûn oan de râne fan Ljouwert.
Oare lokaasje foar nij te bouwen teäter De Tocht
Produsint Foppe van der Veen is hiel wiis mei de nije lokaasje. "It is flakby it opstapplak fan de echte Alvestêdetocht, it is by de rûnwei dêr't minsken maklik komme kinne en der is genôch parkearromte." De parkearromte is grûn fan de gemeente. "Ek steane der twa wynmûnen wêrtroch't we duorsum produsearje kinne."
Nije lokaasje De Tocht oan De Zwette © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
It sil in bysûndere gewaarwurding wêze: in teäter op harren terrein, achter it fabryk fan boubedriuw Friso. "Wol moai, in positive reuring", sa fynt fêstigingslieder Andries Veenstra.
It bedriuw sil it teäter bouwe en as de foarstellings foarby binne dan wolle se it gebou sels brûke as prefabfabryk. De earste peal giet takom moanne de grûn yn en de premjêre stiet noch hieltyd pland foar oktober 2023.