Dochter Frjentsjerter kibboetsbewenner nimt nei goed 75 jier tekeningen heit yn ûntfangst

Tekeningen makke troch ien fan de ald-bewenners fan de Frjentsjerter kibboets binne nei goed 75 jier wer werom yn hannen fan de famylje. Irit Cohn, dochter fan de tekener Hans Martin Cohn, wie freed yn Frjentsjer om de sketsen fan har heit te besjen en yn ûntfangst te nimmen.
De tekeningen en sketsen leinen lang op souder by de famylje Van der Valk yn de stêd. Dy krigen se flak nei de oarloch. Fan wa wit Betty van der Valk net mear.
"It waard brocht en sein: it is fan Hans, hy is nei Israel", fertelt se. "Us heit en mem ha dêrnei noch hiel lang socht nei Hans. Se koenen him net mear fine. Dan hear ik dat er pas yn 2008 stoarn is. Us heit hie dat sa moai fûn as hy se weromjaan kinnen hie."

Hans Martin Cohn wie ien fan de pioniers dy't in lânbou-oplieding krige op de Frjentsjerter kibboets. Hy kaam flak foar it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch, yn 1939, oan yn de stêd. Hy wurke by pleatsen yn de omjouwing.
Ien doel
It doel fan Cohn wie dúdlik: nei Israel. Dat is ek werom te sjen yn syn tekeningen. Der sit ien by fan de siedder. Dat is ek wol troch oare keunstners makke. "It jout hoop oan foar de takomst. Dat je siedzje om wat te rispjen", seit Arjo Hillebrand fan it Histoarysk Sintrum Frjentsjer. "Hy skilderet dêrneist dinkjes oer Israel, mei Hebriuwske tekens. Hy is dúdlik dwaande mei ien doel: nei Israel."
Dan brekt de oarloch út. Yn novimber 1941 folget in razzia en wurde alle oppakte Joaden op transport set. Cohn waard fia Westerbork nei Auschwitz deportearre. Hy oerlibbe de oarloch, mar kaam werom as in brutsen minsk.
Dochter Frjentsjerter kibboetsbewenner nimt nei goed 75 jier tekeningen heit yn ûntfangst NIJ
Tekeningen bliuwe yn Frjentsjer
Yn Israel boude er in nij bestean op en krige bern. De keunst bleau efter yn Frjentsjer. Dêr waard yn 2018 it stof ôf blaasd troch de susters Van der Valk. Se ha it oerbrocht nei it histoarysk sintrum yn de stêd. Dêr waarden se freed oerlange oan Irit Cohn.
Cohn hie fuortendaliks ek in ferrassing, want se wol dat de tekeningen yn Frjentsjer bliuwe. Se fynt dat se dêr thús hearre. Boppedat kinne je sa ek sjen dat har heit en de oaren yn de kibboets 'gewoane' minsken wiene mei in doel. Se hopet dat de pioniers op dizze wize net fergetten wurde troch takomstige generaasjes.
Opdracht
Hillebrand wit wat syn opdracht is: "Ja, hjir goed foar soargje. Dat komt goed. It is in grutte ferantwurdlikheid." De tekeningen binne digitalisearre en online te sjen.