De ein fan de kibboets yn Frjentsjer

Syds Wiersma yn Israel © Gerko Jonker
As de kibboets fan Frjentsjer op 3 novimber 1941 ûntromme wurdt, wurde de Joadske jongelju deportearre. Yn ôflevering 3 fan de Kibboets op 'e klaai reizget FryslânDOK nei it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen en nei Israel om te efterheljen wat der mei famylje Bramson bard is.
FryslânDOK 'Kibboets op 'e klaai', diel 3
Sneon 26 novimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 27 novimber)
Snein 27 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Oprjochter Jacob Bramson, syn frou Carolina en harren trije bern falle yn hannen fan de nazi's. Mar net alle bewenners fan de Frjentsjerter kibboets komme yn kampen telâne.
Tusken de oprjochting fan de mienskip yn 1934 en de Twadde Wrâldoarloch berikt in grut part Palestina. Dêr besykje de Joadske jongelju as pioniers it lân op te bouwen.
Yn Frjentsjer hawwe sy it buorkjen leard op pleatsen by Fryske melkfeehâlders en bouboeren. Mar de oarloch makket in ein oan de kibboets.
Jacob Bramson, genêshear by it PZ Frjentsjer © Fries Film & Audio Archief
Ek de oprjochter fan de kibboets, Jacob Bramson, wurdt oppakt. Mei syn húshâlding bedarret hy yn it Sternlager fan kamp Bergen-Belsen.

Hel op ierde

Yn it Sternlager sitte 4.000 Joadske minsken fêst dy't hoopje útruile te wurden tsjin Dútske kriichsfinzenen fan de alliearden. Mar yn de winter fan 1945 komme, yn de lêste moannen foar de befrijing, 35.000 minsken om it libben yn Bergen-Belsen. Dochter Batya Bramson oerlibbet as 7-jierrich famke dizze hel op ierde.
Syds Wiersma oer de dokumintêre
Batya Halperin-Bramson © Gerko Jonker
Kibboets op 'e klaai is in 3-dielige dokumintêresearje oer de Joadske lânbouskoalle, dy't yn de jierren 30 fan de foarige iuw yn Frjentsjer oprjochte waard.
Syds Wiersma fan it Fries Film & Audio Archief reizget, mei kameraman Gerko Jonker en regisseur Gerard van der Veer, yn it spoar fan de jonge Palestina-pioniers. It spoar nimt har mei nei Israel, Amsterdam, Westerbork en Bergen-Belsen.