Tentoanstelling oer 'fergetten ferhaal' fan kibboets yn Frjentsjer iepene

Yn Museum Martena en it Histoarysk Sintrum Frjentsjer binne tongersdei twa tentoanstellingen oer de kibboets iepene. It is de start fan in tal aktiviteiten oer de Joadske mienskip dy't fan 1934 oant 1942 yn de stêd wenne.
"We willen het verhaal van de kibboets dicht bij de mensen brengen"
De minsken learden yn Frjentsjer it buorkjen, sadat se nei Palestina ta koenen om dêr op in kollektyf lânboubedriuw, in kibboets dus, wurkje te kinnen.

De ferhalen tichteby bringe

Der is lang ûndersyk dien om dit fergetten ferhaal fan de kibboets yn Frjentsjer ûnder de oandacht te bringen. "We hadden alleen een filmpje en verder niks", seit museumdirekteur Manon Borst.
"In een museum wil je graag voorwerpen hebben, maar die hadden we niet. We moesten het dus doen met de verhalen die opgedoken zijn."
Iepening fan de tentoanstelling oer de kibboets yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens Borst is it dochs slagge om der in moaie tentoanstelling fan te meitsjen. "Het is een nostalgische tentoonstelling geworden waar je de sfeer van de kibboets terug kunt voelen. Dat is ook de bedoeling van de tentoonstelling. We willen het verhaal van de mensen van de kibboets dichtbij brengen."

In film, in boek en in dokumintêre

Yn it Histoarysk Sintrum Frjentsjer binne trije fitrines oer de kibboets ynrjochte. Yn de earste giet it oer de slachtoffers dy't fallen binne yn de konsintraasjekampen yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn de oare fitrines lizze tekeningen fan ien fan de learlingen fan de kibboets en oantinkens fan de kibboets yn oarlochstiid.
Der is ek noch nij filmmateriaal ûntdutsen dat fertoand wurdt yn it histoarysk sintrum. Der komt noch in boek út en der wurdt in dokumintêre makke.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de iepening fan de tentoanstelling