Jongeren spylje yn toanielstik 'Kibboets op de klei'; ferhaal oer dreamen

Lieke Venema is wiis mei har rol © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Nei in boek, in trijedielige rige fan FryslânDOK en in tentoanstelling komt der no in toanielstik oer 'Kibboets op de klei'. It ferhaal oer joadske jongeren dy't dreame fan in nij libben in Palestina wurdt op fjouwer lokaasjes spile yn Frjentsjer.
It stik is basearre op it boek mei deselde titel fan Auke Zeldenrust en giet oer joadske jongeren dy't har tusken 1934 en 1941 tariede op emigraasje nei Palestina. Op de klaai leare se hoe't se buorkje moatte. As de oarloch útbrekt, feroaret alles.
Regisseur Job de Roo © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De foarstelling begjint yn Theater De Koornbeurs, dêrnei wurdt it publyk meinaam by belangrike histoaryske lokaasjes del dy't it ferhaal fertelle. "Het publiek wordt in groepen verdeeld en verplaatst in huifkarren met een trekker", seit regisseur Job de Roo. Hy wurke earder mei Zeldenrust oan de foarstelling 'De Joodse Bruiloft'.
De foarstelling foeget neffens him wat ta oan it ferhaal. "Omdat het op locatie is. We maken het verhaal voelbaar voor publiek. Je wordt meegenomen naar de plekken waar het allemaal heeft plaatsgevonden."
'Kibboets op de klei' wurdt toanielfoarstelling
It stik wurdt spile troch jonge minsken, dat is in bewuste kar. "Het is een theatervoorstelling over dromen van jongeren, gespeeld door jongeren met een droom om te spelen. Het gaat voor mij over het hebben van een droom en daar hard voor willen werken."
Lieke Venema is ien fan har. Se is 18 jier en spilet al jierren by jeugdteäterskoalle Meeuw. "It is myn dream om te spyljen, ik wol nei de toanielskoalle."
By de repetysje
'Kibboets op de klei' giet op 30 maart yn premjêre en spilet oant en mei 4 maaie. Mear ynformaasje is te finen op www.stichtingwolf.nl.