Opposysje Skylge net bliid mei nije wethâlder: "Dolksteek richting burgemeester"

De opposysjepartijen fan Skylge binne ûntefreden oer de oanstelling fan in tredde wethâlder. Neffens de PvdA, CDA en Samen Terschelling lizze Plaatselijk Belang en de VVD de skuld fan de bestjoerskrisis op it eilân hielendal by de boargemaster.
De koälysje en opposysje hawwe spul sûnt de koälysje besocht boargemaster Caroline van de Pol fuort te stjoeren. Ald-politika Geke Faber hat dêrop ûndersyk dien nei de fraach yn hoefier it betrouwen yn de Skylger gemeenteried noch op te knappen falt.
Dêrút folge de oanbefelling om mei syn allen en mei eksterne coaching 'de skouders derûnder' te setten. Boargemaster Van de Pol hoegde it fjild net te romjen. Mei in iepen brief besochten VVD en Plaatselijk Belang dêryn stappen te setten.
Yn dy brief waard lykwols hielendal net sprutsen oer it rapport fan Faber. Dit ta ûnfrede fan PvdA, CDA en Samen Terschelling. "Sterker nog, de schuld wordt uitsluitend bij de burgemeester gelegd", sizze de partijen.

Ek de oanstelling fan Anco Goldhoorn as tredde wethâlder set kwea bloed by de opposysje. Goldhoorn wurket trijekwart fan de wike frijwillich foar de gemeente, en is dêrneist in bekende fan Plaatselijk Belang-fraksjefoarsitter René Bultena.
"Gezien de achtergrond van de persoon een dolksteek richting onze burgemeester", skriuwe de partijen. "Zeggen dat je wilt werken aan herstel en ondertussen deze persoon aanstellen, staat wat ons betreft haaks op elkaar."