Hylper museum wol nei ferbouwing mear en jonger publyk lûke

Nei in jierrenlange tarieding is koartlyn úteinset mei de grutte ferbouwing fan Museum Hindeloopen. It museum moat folslein duorsum makke wurde en dat is in hiele put.
It bestjoer fan it museum, de Hidde Nijland Stichting, hat ambisjeuze plannen foar de takomst. It doel is om op jierbasis 20.000 besikers yn hûs te heljen, benammen jongere minsken. Dêrfoar wurdt de kolleksje better yn byld brocht mei help fan audiofisuele middels. It besikerstal stiet no op 10.000 yn it jier.
Ferbouwing Museum Hylpen is úteinset
In nije entree fan glês moat it museum oantrekliker en tagonkliker meitsje. Besikers kinne tenei fan de kant fan de Iselmardyk en ek fan de stêd deryn komme. Sa wurdt de ferbining mei de stêd grutter makke.
De kosten fan de ferbouwing binne 1,6 miljoen. Dat jild wurdt ûnder oare byinoar brocht troch fûnsen. de gemeente Súdwest-Fryslân, de provinsje en in lotterij.
