Nei jierren is it safier: Museum Hindeloopen wreidet út foar 1,6 miljoen
Yn Hylpen is úteinset mei it ferbouwen fan Museum Hindeloopen. Mei-inoar giet it om in ynvestearring fan goed 1.650.000 euro. It museum wurdt folslein op 'e nij ynrjochte en der komt in besikerssintrum.
Boppedat wurdt it museum duorsumer en tagonkliker makke. It jild fan de ferbouwing komt fan de gemeente Súdwest-Fryslân, de provinsje en meardere fûnsen en stichtingen. Febrewaris ferline jier ferraste Robert ten Brink it museum noch mei in sjek fan 200.000 euro fan de VriendenLoterij.
De ferbouwing hat jierren oan tarieding koste. De ynrjochting fan de besteande fiif kolleksjesealen wurdt ek oanpakt en der komt ek in depotromte. It bestjoer fan it museum, de Hidde Nijland Stichting Hindeloopen, wol it museum de kommende jierren better op 'e kaart sette.
Yn 't earstoan woe it museum fan 400 nei 800 kante meter, dêr wie 2,1 miljoen euro foar nedich. Letter die bliken dat dy plannen dochs wat ambisjeus wiene en ôfskaald wurde moasten.
Projektlieder en âld-museumdirekteur Jelle Brouwer fynt it in bysûnder momint, om't der fiif jier oan wurke is. It museum bliuwt wol de rest fan it jier ticht, om't it museum gewoanwei 1 novimber al yn wintersliep giet. Dat is wat spitich, seit Brouwer, mar hy hopet wol dat it museum earder iepen kin om it nije museum sjen te litten.
Museum Hindeloopen is yn 1919 oprjochte en it museum bestiet út twa gebouwen, wêrfan't ien it âlde riedhûs fan Hylpen út 1683 is. Dat is in monumint dat net samar fertimmere wurde mei. Twa jier lyn hat de gemeente Súdwest-Fryslân dizze gebouwen as eigener symboalysk foar 1 euro ferkocht oan de Hidde Nijland Stichting.