Museum Hylpen kin ferbouwe mei help fan jild lotterij

Trije kear waard in subsydzje-oanfraach by de VriendenLoterij foar de ferbouplannen fan Museum Hylpen ôfwiisd. Mar dizze wike wie it safier: ambassadeur Robert ten Brink fan de lotterij ferraste it museum mei 200.000 euro. It museum wurdt it kommende jier ferboud.
Museum Hylpen kin los mei ferbouwen:
Mei in nij plan hat it museum de VriendenLoterij oertsjûge. De tagonklikheid wurdt ferbettere, der komt in moderne tuskenromte en in besikerssintrum. De kosten binne oardel miljoen euro. Mei de 2 ton fan de VriendenLoterij is der genôch jild en kin de ferbouwing begjinne.

Opstekker

Brouwer: "Dat wie in geweldige opstekker! It jout ek oan dat wy mei in projekt dwaande binne dat slagje kin. Dizze twa ton hat ús behoarlik stimulearre om de einfaze ek te realisearjen."
Brouwer is der wiis mei dat der mear omtinken komt foar besikers dy't minder mobyl binne: "Wy fine dat de tagonklikheid fan it museum echt ferbetterje moat. Net elkenien kin fia de steile treppen nei boppen komme en minsken mei rolstuollen en rollators kinne no net troch it museum. Dêrtroch misse we publyk. Nei de ferbouwing is dat folle better."
It museum sit yn in Ryksmonumint, dy't eigendom wie fan de gemeente. Dat hawwe se no foar 1 euro krigen. De gemeente is no dwaande mei it opknappen fan it gebou, sadat it gebou kreas oplevere wurdt. It museum krijt ek in 'breidsskat' fan 375.000 euro mei om it te ûnderhâlden.
Jelle Brouwer oer de plannen foar it museum
"Se hawwe dêrneist ek noch in reservearring fan trije ton foar de ferbou fan it museum", seit Brouwer, "De provinsje hat ek 500.000 euro reservearre. Dat fyn ik bysûnder. Dat jout oan dat de provinsje en de gemeente deryn leauwe. Dêr binne we bysûnder erkentlik yn."
Direkteur Jelle Brouwer fan it Museum Hylpen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De boutekeningen lizze no klear. Der moatte allinnich noch lytse feroarinkjes dien wurde. As alles neffens skema ferrint, dan moat de ferbouwing yn april takom jier klear wêze. It museum is foarearst wol iepen fan 1 april oant 1 septimber dit jier.