Omrop Fryslân

Groep Friezen giet wer nei Oekraïne: "We witte net presys hoe't it gean sil dizze wiken"

Nynke de Jong fan Hope4Ukraine
© Omrop Fryslân
It is freed presys in jier lyn dat Ruslân Oekraïne binnenfoel. It wie de start fan de oarloch dy't no noch hieltyd geande is. Ferskate organisaasjes binne al in jier dwaande om help te bieden oan it Oekraynske folk. Freed giet der wer in groep Friezen nei ta.
De stichting Hope4Ukraine giet mei 22 minsken nei Irpin, in foarstêd fan Kyiv. Dêrmei komt it tal Nederlanners dat dy stêd holpen hat op seker hûndert. "We sille dêr dwaande mei it bouwen en it ôfwurkjen fan tiny houses", seit Nynke de Jong, dy't sels al fiif kear nei Oekraïne ta west hat.
Dêrneist helpt de stichting by it romjen fan pún fan huzen dy't hielendal of foar in grut part ferneatige binne. "We kinne dêr echt wat betsjutte foar de minsken. Se binne superfearkrêftich", seit De Jong. "Dat jout ús wer in ympuls om ek troch te setten, want it is echt superhurd nedich."

Ferlet fan iten

As it in bytsje meiwierret, dan giet der tongersdeitejûn noch in frachtwein mei helpguod nei it oarlochsgebiet ta. De Jong is drok dwaande om alles dêrfoar ta te rieden. "Ik moat aanst noch papieren ynfolje en de frachtwein moat noch woegen wurde. Tagelyk bin ik ek dwaande om de bussen foar moarn (freed, red.) te regeljen. Dus ik haw wat mear oeren nedich yn dizze dei, mar ik moat mar sjen hoe't ik it rûn krij", seit se.
Der is op it stuit benammen in grut ferlet fan iten, foaral yn de gebieten dy't yn de buert fan it front lizze. "We hawwe yn elts gefal twa pallets mei sipels", seit De Jong. "Mar ek crackers, dy hawwe we sponsore krigen." Dêrneist bringe se ûnder oare generatoaren nei Oekraïne ta.

Feilichheid

De Jong seit har noch nea 'echt ûnfeilich' field te hawwen, mar dat it freed presys in jier lyn is dat de oarloch begûn, makket it wol wat spannender. "We witte gewoan net hoe't it presys gean sil dizze wiken. Seker mei de opmars fan de Russen. We sitte wol hieltyd te sjen: hoe ûntwikkelet it him allegearre? Mocht echt de hel losbrekke, dan is dat foar ús wol reden om om te kearen", seit De Jong.
De 22 frijwilligers bliuwe in goeie wike yn Oekraïne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.