Hast trijetûzen Oekraïners ynskreaun yn Fryske gemeenten
In jier nei it útbrekken fan de oarloch binne 2.937 Oekraynske flechtlingen ynskreaun yn de Fryske gemeenten. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Mei 612 Oekraynske flechtlingen is Ljouwert de gemeente dêr't de measte flechtlingen ynskreaun steane.
Yn de gemeente Harns stean fierwei de measte Oekraïners ynskreaun as je sjogge nei it tal ynwenners de gemeente: fan elke tsien ynwenners is der ien in Oekraynske flechtling.
Yn oare gemeenten is dit hiel oars. Op Skylge is bygelyks ien prosint fan alle ynwenners in flechtling út Oekraïne en by de oare gemeenten leit dit persintaazje sels noch leger.
Sjoch hjirûnder hoefolle flechtlingen yn dyn gemeente binne:
Fan de hast trijetûzen flechtlingen binne yn alle gefallen goed twatûzen opfongen yn gemeentlike opfang. Dat betsjut dat fan 740 flechtlingen net bekend is wêr't sy opfongen wurde. Nei alle gedachten is dat by in partikuliere opfang, lykas by minsken thús.
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen is troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele dei stil by de oarloch op radio, telefyzje en op de webside. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk dêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearje yn de mienskip en mei East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear't de oarloch ta in ein komt.