Omrop Fryslân

Sa stiet Fryslân freed stil by ien jier oarloch yn Oekraïne

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Rûnom yn Fryslân wurdt freed stilstien by de oarloch yn Oekraïne. Dan is it op de kop ôf ien jier lyn dat Ruslân Oekraïne binnenfoel.
In grutte stream flechtlingen kaam op gong. It sjocht der net nei út dat de minsken ynkoarten nei hûs ta kinne. Ek yn Fryslân wurde tal fan Oekraïners opfongen. Om de oarloch te betinken wurde meardere dingen organisearre.
Flagge 08.30 oere
Yn in soad gemeenten wurdt op fersyk fan kommissaris fan de Kening Arno Brok om 08.30 oere de Oekraynske flagge hyst. Yn Bûtenpost wurdt hjir ekstra oandacht oan bestege. Dêr komme flechtlingen dy't yn de gemeentlike opfang yn Achtkarspelen sitte om mei boargemaster Oebele Brouwer de flagge te hysjen. Dêrneist is de fanfare De Bazuin út Stynsgea oanwêzich om it Oekraynske folksliet te spyljen.
Lanlike betinking 10.30-17.00 oere
Yn de Jaarbeurs yn Utrecht is in lanlike betinking dy't begjint mei in 'Walk of Hope'. De rûte is fan Utrecht Centraal nei de Jaarbeurs. Dat stik hawwe in soad flechtlingen earder rûn doe't se in jier ferlyn yn Nederlân kamen. Dêrneist is yn de Jaarbeurs in grutte lânkaart mei Oekraynske plakken. Sa kinne de flechtlingen oaren moetsje dy't tichtby harren wennen. Alle Oekraïners kinne fergees nei Utrecht reizgje mei de NS.
Fernield flatgebou yn Oekraïne
© RTV NOF, Esther Leystra
Betinking Ljouwert 13.30-15.00 oere
Ald-skiednisdosint Ellen Rombout organisearret in momint dat minsken yn Ljouwert byinoar komme kinne om stil te stean by de oarloch. De betinking fynt plak op de Nijstêd by it stânbyld fan it hynder.
Rombout krige it idee dat der neat organisearre waard yn Ljouwert en nimt dêrom sels it foartou: "Ik ha gjin finansjele middels om wat gruts te organisearjen, mar ik wol wol oandacht freegje foar dit ellindige jier. Ik hoopje dêrom dat minsken freedtemiddei komme en dan prate we deroer. It is hiel tagonklik foar elkenien."
Ljochtsjesrûte Harns 18.15-19.30 oere
Yn Harns wurdt in ljochtsjesrûte hâlden yn gearwurking mei de Oekraynske flechtlingen dy't dêr opfongen wurde. De organisaasje freget oan ynwenners fan Harns om in ljochtsje foar it rút of op de stoepe te setten.
Fan 18.30 oere ôf wurdt de ljochtsjesrûte rûn fan it stedhûs ôf oan de Noarderhaven. Elkenien kin meirinne. De tocht duorret sawat in oere mei as ôfsluter in minút stilte.
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen is troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele dei stil by de oarloch op radio, telefyzje en op de webside. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk dêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearje yn de mienskip en mei East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear't de oarloch ta in ein komt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.