Skeakelklassen moatte wachtlist ynstelle: "De rek is eruit"

Bern oan it wurk yn in Skeakelklasse © ANP
De Fryske ynternasjonale skeakelklassen (ISK) liede de needklok: op alle fjouwer lokaasjes is der gjin plak mear foar nije learlingen. Skoallen wurde twongen om jonge flechtlingen tusken de 12 en 18 jier op in wachtlist te setten, wylst dat formeel hielendal net mei.
Op in ISK leare de bern earst benammen de Nederlânske taal, foardat se fierder kinne nei oare skoallen. Yn Fryslân sitte der ISK's yn Ljouwert, Drachten en Snits. Ek is der in tydlike lokaasje op De Lemmer.

Tal learlingen ferdûbele

Yn Snits is it tal learlingen, mei troch it grutte tal flechtlingen út Oekraïne, yn koarte tiid mear as ferdûbele. Earder sieten der 90 learlingen op de skoalle, no binne it der 220. Dêr kin neat mear by en dus is der ek yn Snits sûnt tiisdei in wachtlist.
"Met veel creativiteit zijn we van 8 naar 14 klassen gegaan", seit lokaasjedirekteur Cora van der Haar. "Naast de ruimte is het ook moeilijk om bezetting te krijgen, dus de rek is eruit."
Yn Snits foelen de problemen yn earste ynstânsje noch relatyf ta, om't de ISK dêr in twadde lokaasje bemachtigje koe. No sit it ek dêr oant de kop ta fol. Romte foar mear klassen is der net. "De laatste twee klassen zijn al met veel creativiteit en kunst- en vliegwerk tot stand gekomen. Het is nu echt vol."

"Soep niet eindeloos verdunnen"

Van der Haar sjocht sa fluch gjin oplossing. "Er zijn wel dingen die het probleem minder groot zouden maken, onder andere door jonge vluchtelingen minder rond te sturen langs verschillende crisisplaatsen. Het zou helpen als er veel kleine, langdurige opvang zou zijn, zodat de gezinnen, leerlingen, jongeren tot rust komen en dat er minder onderlinge mutaties zijn."
Ek it gebrek oan personiel is in grut probleem. De ISK yn Snits besiket dêrom de roasters wat yn te koartsjen en guon fakken net mear oan te bieden, mar dat is net ideaal, stelt Van der Haar. "Je kunt de soep niet eindeloos verdunnen, dan heb je water. Nu heb je nog kwalitatief goed onderwijs, maar met kunst- en vliegwerk. Daarom een algemene oproep: help."