Grutte stream oan nije learlingen op ynternasjonale skoallen smyt problemen op

Direkteur Reinald Gerbenzon fan ISK Singelland © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De problemen op ISK-skoallen rinne bot op. Dizze skoallen jouwe les oan bern dy't nij binne yn Nederlân, mar dêr binne der sûnt de komst fan Oekraynske flechtlingen en de groei fan asylsikers folle mear fan.
Op in ISK (Internationale Schakelklas), ek wol earsteopfangskoalle, wurdt lesjûn oan jongeren tusken de 12 en de 18 jier dy't noch net lang yn Nederlân wenje. It giet om learlingen fan allerhanne nasjonaliteiten.
Grutte stream oan nije learlingen op ynternasjonale skoallen smyt problemen op
It ôfrûne jier kamen der in soad Oekraynske learlingen by foar de ISK's. "Der binne in tal dingen tagelyk oan de hân", leit direkteur Reinald Gerbenzon fan ISK Singelland en OSG Singelland yn Drachten út.
ISK Singelland yn Drachten © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Yn maart kamen in soad Oekraïners ús kant op, mar ek de asylynstream is heech dit jier. Boppedat kaam nei de coronatiid de gewoane migraasje ek wer op gong. Dy trije saken byinoar makket dat wy eksplosyf groeid binne. Dat sjogge je yn hiel Nederlân."
Reinald Gerbenzon
Op ISK Singelland krije bern ûnderwiis yn de Nederlânske taal en gewoanten. Sy leare om selsstannich te funksjonearjen yn de maatskippij, njonken de oare fakken dy't foar bern jilde. De skoalle jout ek advys oan reguliere skoallen oer hoe't sy oarstalige learlingen begeliede moatte.

Tal learlingen ferdûbele

Gewoanwei hat ISK Singelland sa'n 200 learlingen, dat binne der no 400. Mei de Oekraynske learlingen dy't op oare skoallen yn de regio opfongen wurde, komme je neffens Gerbenzon al op sa'n 500 learlingen út.
Yn Drachten sit no dus sa'n 400 jongerein op de ISK, yn Ljouwert sa'n 300 en yn Snits sa'n 200. Mar ek skoallen yn bygelyks Burgum, Easterwâlde, Grou en op De Gordyk fange Oekraynske bern op en de ein is noch net yn sicht.
Oant no ta hiene de skoallen de situaasje noch aardich ûnder kontrôle. Mar sûnt in pear wiken rinne de problemen op. De skoallen hawwe benammen krapte yn personiel en húsfêsting.

Fraach nei romten en fakatueren

Dat fernimt direkteur Gerbenzon yn de praktyk. "De skoalgebouwen binne net berekkene op safolle bern tagelyk. Oare romte is net altyd foar hannen. Hjir yn Drachten wie ek net in leechsteand skoalgebou. Wy hawwe yntusken trije lokaasjes dêr't wy les jouwe, dêrmei is wol gebrûk makke fan de beskikbere opsjes."
ISK Singelland yn Drachten © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mar it wurdt ek hieltyd swierder om geskikt personiel te finen. "Wy hawwe eins trochrinnend in fakatuere iepen. Op grûn fan de oanmeldingen dy't wy krije, soene wy noch in nije groep opsette kinne. Sa no en dan is der ris in sollisitant, mar it giet net hurd. It wurdt no dreech om de iepen plakken op te foljen."

Jild is it probleem net

Yn de Twadde Keamer is woansdei in kommisje-oerlis oer it ûnderwiis oan flechtlingen. "Mar jild is net ús grutste soarch, want it ministearje kin gemeenten stypje as sy in tydlike opfang iepenje. Dêr komt jild mei. Fierder krije wy op ferskate mominten mear jild fan it ministearje as wy flink groeie", leit Gerbenzon út.
Op it skoalplein yn Drachten © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Gemeenten hawwe net altyd troch wat de konsekwinsjes binne fan de needopfang, tinke skoallen. De needopfang yn Drachten is ferlinge, dat betsjut ek dat in grut tal learlingen noch folle langer fan ûnderwiis foarsjoen wurde moat.
De problemen binne yntusken sa grut dat sy it net allinne mei ûnderwiis op ISK's en taalskoallen mear rêde kinne. Stadichoan begjint ek de ûnderwiisynspeksje him dermei te bemuoien. Want no't dúdlik wurdt dat minderjierrigen hjir dochs in langer skoft bliuwe, moat it ûnderwiis ek goed regele wurde.
Nei de presintaasje fan it asylakkoart yn augustus warskôge boargemaster Sybrand Buma, ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, al foar it probleem.
Buma sei: "Het is voor onze provincie een grote opgave, omdat we eigenlijk al aan de grenzen van het mogelijk zitten" De oerheid leveret lanlik 730 miljoen euro foar de opfang fan flechtlingen en statushâlders.
Mar jild is it probleem net, seit Buma. It is de fraach oft der wol genôch minsken beskikber binne foar bygelyks ûnderwiis, soarch en it bouwen fan huzen.