Skeakelklassen steane foar grutte útdagingen mei Oekraynske flechtlingen

Bestjoerders en meiwurkers fan ynternasjonale skeakelklassen (ISK's) riede harren ta op in protte út Oekraïne flechte bern dy't ûnderwiis hawwe wolle, want elts bern hat rjocht op ûnderwiis.
In jonkje mei in juf yn in klasselokaal © ANP
By de ISK fan OSG Singelland yn Drachten is it no noch net hiel drok, seit direkteur Reinald Gerbenzon. "Mar we ferwachtsje dat de fraach yn in pear wiken tiid wol komt."

Oekraïners in ferhaal apart

De skoalle is altyd al taret op de komst fan flechtlingen. "De lêste groep dy't frij massaal hjir nei ta kaam, binne de Afganen, dêrfoar de Syriërs en Eritreeërs, dus dat giet altyd troch."
Dochs binne de Oekraïners in ferhaal apart, seit de direkteur. "It binne der safolle en it is mar de fraach hoelang't se hjir bliuwe. De measte groepen komme hjir echt om te yntegrearjen, om langere tiid yn Nederlân te bliuwen. Miskien dat de Oekraïners dochs de hoop hawwe dat it foar in koarte tiid is."

Oare opsjes

Mei de oantallen fan no kin de skoalle it allegear maklik oan, mar as de flechtlingestream yndied sa grut wurdt as ferwachte wurdt, dan is it neffens Gerbenzon better om de flechtlingen nei in skoalle yn de omjouwing gean te litten.
In oare opsje binne online lessen mei de eigen Oekraynske leararen, al sitte dêr neffens Gerbenzon ek neidielen oan. "Bern hawwe ek ferlet om freonskippen oan te gean, om inoar te sjen. Je moatte inoar ek moetsje kinne."

In bytsje Nederlânsk

De groep bern dy't hjir komt is hiel ferskaat. Yn âldens en yn nivo. It ferskilt dan ek hiel bot de bern dêr't ferlet fan is. "Flechtlingen hawwe yn it algemien ferlet fan efkes lande en ierdzje, mar dêrnei is it foar ús ek in fraach. In bytsje Nederlânsk heart der wol by, want je moatte je ek rêde kinne salang't je hjir binne. Mar der sil ek ferlet wêze fan oansluting by wat je hân hawwe yn eigen lân."
Reinald Gerbenzon fan de ISK fan OSG Singelland